Earste hûs yn feangreidegebiet ûnfeilich ferklearre nei fersakkingen

De famylje Dekker by de fersakjende pleats. © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It earste hûs dat ûnfeilich ferklearre is troch fersakking yn in feangreidegebiet stiet yn Spangea. Dat hat de gemeente Weststellingwerf ferline wike bekendmakke oan de famylje Dekker. Se freegje har ôf hoe't it no fierder moat.
Yntusken is harren wenpleats al sa'n seis sintimeter fersakke. Se mjitte dat sûnt 2018. De pleats is ûnbewenber en moat direkt ûnderstipe wurde of de famylje moat ferfangende wenromte sykje.
Earste hûs yn feangreidegebiet ûnfeilich ferklearre nei fersakkingen
De skuorren yn de muorren binne fan binnen en fan bûten goed te sjen. Geregeld kreaket of knalt it yn 'e hûs, seit Ellen Dekker. "Dat de deurpost uit elkaar knalt, dat geeft gewoon harde knallen. Soms hoor je gekraak en dan vraag je je af waar dat dan gebeurt. Het beweegt steeds en dan denk je: hoelang gaat het nog goed?"
Yn de lêste moanne hawwe se noch in fersakking fan in heale sintimeter metten.
De skuorren binne bûten goed te sjen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Se hawwe lêst fan burokrasy. Wa wat fergoedzje sil, bliuwt ûndúdlik; de gemeente, it wetterskip of de provinsje. Skiedend deputearre Douwe Hoogland hie sein dat hy him hurd meitsje soe foar trettjin saneamde koadereadgefallen yn dit feangreidegebiet, mar hy kin noch neat konkreet tasizze.
"Wy hawwe der jild foar útlutsen", sa seit hy. "En der is sprutsen mei alle koadereadminsken yn de Grutte Feanpolder fan Weststellingwerf. Dêr komt in ferslach fan en der wurdt mooglik sjoen wat we dwaan kinne. Ut it wetterskip en de provinsje wei wolle we sjen hoe't we mei maatwurk deroan bydrage kinne."
De skuorren binne binnen ek goed te sjen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn de provinsje prate se woansdeitejûn en takom wike oer de fraach oft se grien ljocht jaan sille foar in regeling fan 40.000 euro skeafergoeding, mar dat liket foar dit gefal net genôch.
Likegoed bliuwe de Dekkers der lichtsjes ûnder. "Het is een proces waar je in terechtkomt", seit Pieter Dekker. "Vorige week kregen we na onderzoek de tijding dat het onveilig is, dat is heel vervelend. Maar het is niet zo dat het acute gevaar ineens heel veel toeneemt." Se witte noch net hokker tydlike maatregel se kieze sille.