Skiep gean de striid oan mei beareklau by Aldskou: "Eins putte wy de beareklau út"

It eilân njonken de brêge by Aldskou, in buorskip by Akkrum, stiet grôtfol mei beareklau. De provinsje Fryslân wol it graach ferwiderje, mar dat giet dreech. Dêrom is no de help ynroppen fan de bêste gersmeaners fan de wrâld: skiep.
It giet om in pilot om te besykjen oft de skiep in goeie oplossing binne foar it beareklauprobleem. De skiep komme út de keppel fan skieppehâlder Martin Reitsma fan Lippenhuzen. Dy sille dêr no acht oant njoggen wike weidzje.
"Fan beareklau kinne je ferskriklike brânplakken krije", seit Reitsma, "Dy planten bloeie en hawwe sa'n tûzen siedsjes per plant. As it begjint te waaien, dan kin it ek op it fêste lân terjochte komme. Dan komt der allinnich mar mear en mear en mear. Dus dêrom moat de beareklau hjir fuort."
Dizze skiep wurde bearesterk fan de beareklau
De skiep dy't op it eilân stean, kinne goed oer de beareklau: "De skiep frette it blêd op. Dan kin de plant net groeie. Dan giet er slop hingjen en giet de kop nei ûnderen hingjen. Dat part fan de plant fine de skiep it alderlekkerste. It koekje by de kofje, sis mar. Eins putte wy se út."
It wie wol in flinke put om de bisten op it eilân te krijen. De skiep binne yn in trailer efter in auto, op in ponton laden en nei it eilân fearn. Dêr waarden dan de skiep útladen: "Dat wie wol retespannend. Ik hie myn frou ek mei. Mar it is goed kaam, wy hoegden net te swimmen, haha!", seit Reitsma.

De pilot liket te slagjen, want as Sikke Wielstra fan provinsje Fryslân it eilân opstapt, wit er net wat er sjocht.
"Ik wie echt ferbaasd dat der safolle al omlizze. Je koene hjir net mear trochhinne komme. Alle jierren waard it slimmer. It ôfrûne jier hat in ploech de kop der al ôfhelle, mar dat bliek ek net genôch te wêzen. De pilot mei de skiep giet echt geweldich. Dat hie ik net ferwachte."
Ek Reitsma hie net ferwachte dat it sa rap gie: "Wy moasten de skiep echt fan de boat ôfdrukke om se op it eilân te krijen. De beareklau stie sa stiif oan de wetterkant. No kinne je gewoan 'zigzaggend' in rûntsje oer it eilân rinne."