Niertransplantaasje jout Ilja Vermunt (24) syn libben werom: "Dit voelt als een sprookje"

Enne Buikema (L) en Ilja Vermunt © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De 24-jierrige Ilja Vermunt út Ljouwert hat in nije nier krigen mei tank oan in donor. Syn libben is folslein feroare en hy hat wer takomstperspektyf.
"Ik heb het idee dat ik herboren ben", seit Vermunt, wylst er yn de keuken dwaande is de kofje klear te setten. Ilja krijt besite fan syn nierdonor Enne Buikema.
In moanne ferline hat Ilja ûnder it mes west en is de niertransplantaasje slagge. De giele kleur op syn wangen hat pleats makke foar in reade blos. "Het voelt als een sprookje, mijn leven is weer terug."
Niertransplantaasje jout Ilja Vermunt (24) syn libben werom
Vermunt hâldt efkes op fan praten as de doarbel giet. De Ljouwerter rint de hal fan syn appartemint troch om de doar foar Buikema te iepenjen. Wylst Buikema sitten giet, komt Vermunt mei de kofje.
"Het raakt me dat het leven van Ilja zo stilstond", seit de 54-jierrige Buikema. "Er zit door de dialyse eigenlijk totaal geen perspectief meer in het bestaan. Daarnaast word je ziek en heb je nergens kracht meer voor. Dat maakte me emotioneel."

Sykte fan Berger

Ferline jier krige Vermunt te hearren dat er de sykte fan Berger hie. Dêrtroch wurkje de nieren hieltyd minder en moatte se úteinlik oan in dialyze. Hy gong dêrfoar trije kear yn de wike nei it sikehûs, foar in behanneling dy't sa'n fjouwer oeren duorret.
Njonken dat Vermunt slim syk wie, waard de wjerstân minder en wie hy groanysk wurch. "Dan krijg je het nieuws van een donor en ben je zo ontzettend blij. Dat is onbeschrijflijk."
Ik hoop dat mijn verhaal nierpatiënten inspireert te blijven vechten.
Ilja Vermunt
Buikema sette de stap om de donor fan Vermunt te wurden. Hy seach de oprop fan Ilja op sosjale media foarby kommen en woe graach helpe. Hy koe Vermunt in bytsje, om't syn dochter mei him wurke hie. "Maar meer wist ik eigenlijk niet. Ilja is eerder een vreemde dan een goede kennis."
De donor komt dan úteinlik yn it trajekt foar donaasje telâne. Der wurde ûndersiken dien oft syn nier past en oft er it sels oankin. "De artsen houden met alles rekening. Ze willen namelijk niet dat je zelf nierpatiënt wordt. Uiteindelijk halen ze dan je nier eruit en daarna ging het allemaal heel snel. Ilja kreeg binnen een dag al vooruitgang en zelf heb ik er ook weinig van gemerkt."

Wer nei de takomst sjen

Sawol Vermunt as Buikema is wiis mei de útkomst. Benammen foar Vermunt is it spesjaal: hy kin wer gewoan syn libben oppakke. Al bliuwt er op dieet en moat er oan de medisinen, hy kin wer nei de takomst sjen.
"Ik hoop dus ook dat mijn verhaal nierpatiënten inspireert om te blijven vechten", sei Vermunt. "Daarnaast hoop ik dat andere mensen donor willen worden. Zoals je ziet bij ons, het brengt heel veel goeds."