Fryslân keart measte fergoeding foar guozzeskea út fan alle provinsjes

Blesguozzen tusken de pauguozzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fan alle provinsjes jout Fryslân it measte út om boeren temjitte te kommen foar skea troch guozzen. Yn totaal gong it ferline jier om hast 12 miljoen euro, hast in miljoen mear as yn 2021.
Guozzen feroarsaakje de measte skea oan lânbouperselen. Grutte groepen guozzen frette yn rekôrtempo in gerslân keal. Yn 2022 wienen se yn Nederlân ferantwurdlik foar mear as de helte fan it totaalbedrach oan útkearde faunaskea. Lanlik giet it om goed 44 miljoen euro, meldt BIJ12, it buro dat foar de provinsjes skeasaken ôfhannelet.
De útkearde skeabedraggen binne neffens BIJ12 net allinnich tanaam omdat der mear oanfragen wienen, de priis fan gers lei ferline jier ek heger. As guozzen in gerslân kealfrette, moat in boer ferfangend fretten foar it fee keapje.
Dat Fryslân de measte skeafergoeding útkeart, is te ferklearjen trochdat der in soad pauguozzen yn ús provinsje sitte. Dy soargen yn Fryslân foar goed 5 miljoen oan skea, dêrnei komme de skiere guozzen (3,6 miljoen), blesguozzen (1,7 miljoen) en swartbúkrotguozzen (1 miljoen).
Om te ferlykjen: foar skea troch wolven is it ôfrûne jier yn Fryslân sa'n 34.000 euro útkeard.