Wethâlder Anko Postma fan Opsterlân wurdt nije boargemaster fan Tubbergen

Anko Postma © Gemeente Opsterlân
De gemeente Opsterlân moat op 'e siik nei in nije wethâlder. Anko Postma wurdt nammentlik de nije boargemaster fan de gemeente Tubbergen. Dat waard moandeitejûn bekendmakke.
"Postma is een ervaren bestuurder die de problematiek van een plattelandsgemeente kent", falt te lêzen yn in parseberjocht fan de gemeente Tubbergen. De gemeenteried sjocht yn him in 'ferbiner', dy't oplossingsrjochte wurket.
De 51-jierrige ynwenner fan Nij Beets moat noch wol offisjeel beneamd wurde troch de minister fan Ynlânske Saken.
Postma siet yn it kolleezje fan B en W fan Opsterlân foar Opsterlands Belang. Postma is dêrnjonken foarsitter fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).
Yn Tubbergen wurdt Postma de opfolger fan waarnimmend boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld.