Formateur Stoffer: Partijen "enerzjyk en mei faasje" úteinset oan koälysje-ûnderhannelingen

Formateur Chris Stoffer lit yn in brief oan Provinsjale Steaten witte dat de ûnderhannelingspetearen oer in nije koälysje mei BBB, CDA, FNP en ChristenUnie "enerzjyk en mei faasje" úteinset binne.
Stoffer hat der betrouwen yn dat der in deeglike basis leit foar it fierdere proses. De partijen binne yntinsyf mei elkoar yn petear.
Neffens Stoffer is de ambysje útsprutsen dat Provinsjale Steaten op 19 july in bestjoersakkoart agindearje kinne. Op dy dei soenen de foardroegen kandidaten foar it kolleezje fan Deputearre Steaten beneamd wurde kinne.
De FNP docht no as fjirde partij mei oan de koälysjepetearen nei't de PvdA him weromluts.