Grize seehûn florearret yn Waadsee, mar mei de gewoane seehûn giet it minder goed

In jonge grize seehûn © Ies Akkerdaas
It tal grize seehûnen yn de Waadsee bliuwt tanimmen. Oer in perioade fan fyftjin jier is der in dúdlik opgeande trend te sjen. Mei de gewoane seehûn giet it lykwols minder, de fraach is allinnich hoe't dat komt.
By de lêste telling yn it puppeseizoen binne der 2.515 puppen teld, wat sa'n 13 prosint mear is as fiif jier lyn. Ek it totale tal grize seehûnen (dus net allinnich pups) dat teld is, giet omheech. Benammen yn it Nederlânske part fan de Waadsee, rûchwei boppe Fryslân en Grinslân dus, giet it goed. Fierwei de measte seehûnen wurde dêr teld.
Hoefolle seehûnen oft der krekt totaal binne, is ûndúdlik, mar troch de getallen yn dy perioade te ferlykjen mei foarige jierren, is wol te sizzen dat it der hieltyd mear wurde. Ferline jier wie der in lytse delgong, mar dat kin ek komme troch de waarsomstannichheden op it stuit dat de ûndersikers telden.
Dêrom moat sjoen wurde nei de sifers oer langere tiid, seit ûndersiker Sophie Brasseur. "En dan zien we een duidelijke toename."

Gjin jacht

Dat it sa goed giet mei de grize seehûnen, is maklik te ferklearjen: "We zijn gestopt met jagen. Dat is al een poos zo, maar het herstel duurde heel lang. In de jaren 80 waren de eerste geboortes en nu zien we een duidelijk herstel van een populatie die tot ongeveer nul gereduceerd was door de jacht."
Omdat der earder noait teld waard, is net dúdlik hoefolle seehûnen oft der ea wienen. "We weten dus ook niet hoeveel het er zouden 'moeten' zijn."
De volwassenen vinden hun plek wel en krijgen jongen, maar die jongen lijken maar zelden te overleven.
Sophie Brasseur
Dêr't it goed giet mei de grize seehûn, giet it mei de gewoane seehûn in stik minder. En dat is ek minder ienfâldich te efterheljen. "Soms denk ik dat het te maken heeft met het intensieve gebruik van hun leefruimte. De volwassenen vinden hun plek wel en krijgen jongen, maar die jongen lijken maar zelden te overleven."
Gewoane seehûnen © Shutterstock
Om dêr wis fan te wêzen, moat der mear ûndersyk nei dien wurde. "Je moet ze bijvoorbeeld individueel volgen. Momenteel wordt dat niet onderzocht. De prioriteiten liggen elders, omdat het algemene beeld is dat het goed gaat met zeehonden."
Griis of gewoan?
Der binne dus twa ferskate seehûnesoarten yn de Waadsee. Neffens Ecomare ha de grize seehûnen ha in spitse snút, gewoanen ha in rûner kopke. Dêrnjonken ha grizen fertikale noasgatten, by de gewoanen steane se yn in V-foarm. Fierder binne de grize seehûnen agressiver en assertiver as de gewoanen.