Nije kuiergids fertelt ferhaal fan fiifhûndert jier hoareka yn Ljouwert

Ljouwert hat der fan hjoed ôf in nije, histoaryske stedskuier by: ien dy't him folslein rjochtet op de hoareka. En de skiednis fan de Ljouwerter hoareka giet fier werom.
De earste fermelding faan in herberch yn Ljouwert is Het Anker yn 1502. It âldste noch besteande kafee binnen de stedsgrinzen is it Oranje Bierhuis, fan 1770.
It idee om in stedskuier oer dit tema te meitsjen, spilet al in skoft, fertelt Marga Renkema, koördinator edukaasje by it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). "Mijn voorvanger, Klaas Zandberg, was al heel gecharmeerd van het idee om zo'n wandeltocht langs de horecagelegenheden te maken in een wandelgids."

Dy gids is der no, skreaun troch ûnder oare Renkema sels. "Je kunt 'm eigenlijk op twee manieren gebruiken: als naslagwerk, bijvoorbeeld als je zelf regelmatig op stap ging of gaat in Leeuwarden. Veel mensen hebben herinneringen aan het horecaleven in Leeuwarden, dan is het leuk om na te lezen."
Mar mooglik noch aardiger is om oan de hân fan dy gids de ferskate gelegenheden by del te gean. "Dan leer je die geschiedenis ook echt kennen."
En dy skiednis is dus ryk, mei in begjin om it jier 1500 hinne. Doe hiene hoarekagelegenheden in oare funksje as no. It wienen herbergen, plakken dêr't reizgers de stêd binnenkamen.
Yn de njoggentjinde iuw begûn it tal plakken rap ta te nimmen. En dêrom hienen Renkema en har kollega's ek genôch materiaal, sawol foto's as ferhalen, om te brûken foar de gids.
Een fooi geven werd gezien als belediging, want dat deed je bij de bakker ook niet.
"Een verhaal dat eruit springt, is dat van De Ossekop", fertelt se. "Daar werd Duits bier geschonken, met een dikke schuimlaag. Mensen moesten dat vooral niet te snel opdrinken. Muziek was ook taboe, want het was de bedoeling dat je een praatje met elkaar hield. En een fooi geven werd gezien als belediging, want dat deed je bij de bakker ook niet."
De kuiergids past by de eksposysje Van Herberg tot Huiskamercafé, dy't op it stuit ek te sjen is yn it HCL. Dêr binne fan fjouwer iuwen foto's en objekten te sjen.
De eksposysje is noch oant en mei begjin oktober te sjen:
Fjouwerhûndert jier hoareka yn eksposysje HCL
It earste eksimplaar fan de hoarekagids Stappers in de stad, langs horeca van toen en nu wurdt moandeitemiddei troch wethâlder Abel Reitsma útrikt oan Ton Eijer, foarsitter fan de Ljouwerter ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland en eigener fan kafee Scooters. Fierder sille Baukje de Vries (fan Paddy O'Ryan) en hoarekaman Arjen Rusticus anekdoates út it Ljouwerter hoarekalibben diele.