Brân yn kompleks Nieuw-Allardsoog soarget foar ûnferjitlik houliksfeest

De measte minsken hoopje dat harren houliksdei de moaiste dei fan har libben wêze mei. Foar it breidspear dat op 1 july har troufeest fierde by Nieuw-Allardsoog yn Bakkefean sil dat net oars west ha. Troch in grutte brân ûnder it feest waard it yn elts gefal in ûnferjitlike jûn.
In part fan de feestlokaasje yn de bosken by Bakkefean is troch de brân, dy't yn de keuken begûn, ferneatige. Fiif fan de tolve sealen fan it kompleks binne foarearst net mear te brûken, en ek de keuken leit stil.
"Der wiene sa'n 85 gasten op de brulloft", seit Anne de Vries. Hy is troch de eigeners fan Nieuw-Allardsoog frege it wurd te dwaan. "Dy binne rap evakuearre en daliks nei in oare lokaasje op it terrein brocht. Dat soarge foar in aparte situaasje, want de brânwacht wie dwaande mei bluswurksumheden, wylst it feestje even fierderop sa goed as mooglik trochgie."
Houliksreis
De Vries hie sneintemoarn noch efkes kontakt mei it breidspear, dat yntusken op houliksreis is. "Sy binne bliid dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. Se hiene it oer yn 'hiel bysûndere' brulloft."

Neffens Marko Kinderman fan de brânwacht ûntstie de brân krekt foar sân oere jûns. Om't it fjoer rap om him hinne griep, is opskaald nei grutte brân. "Korpsen út trije provinsjes ha dwaande west mei de bestriding. Doe't wy oankamen, koest de flammen út it dak sjen. Doe wie it al net mear feilich om nei binnen te gean."
Boargemaster
Om't de impact dochs wol grut wie, seit Kinderman dat de boargemaster fan Opsterlân ek noch ynskeakele is. "Dy is efkes delkaam om te sjen hoe't elkenien deroan ta wie."
Anne de Vries seit dat de eigeners fan it kompleks op dit stuit drok dwaande binne mei de planning fan kommende tiid. "It is gewoan harren wurk. Der stean no ien kear ôfspraken yn de aginda en dy wolle se safolle mooglik fan tsjinst wêze."