Frouljusfuotbalklups yn Drachten en Boarnburgum bondelje krêften

De frouljusôfdielingen fan VV Drachten, VV Drachtster Boys en SC Boornbergum '80 bondelje de krêften. De fjildteams fan de klups gean fierder as VIVA '23 (Vrouwen In Voetbal Actief).
De klups binne ta de fúzje kaam, omdat it foar harren dreech is om de teams goed libjend te hâlden. De ledetallen by de famkes en froulju skommelje noch wolris neffens de klups.
"Het gebeurde regelmatig dat er een zucht van verlichting werd geslaakt als het weer gelukt was om een team in te schrijven", seit VIVA '23-foarsitter Conrad Berghoef. "Maar als er dan een paar meiden toch onverhoopt gingen stoppen, kon een team in de problemen komen."

VIVA '23 wurdt in SVO (Samenwerkende Vrouwen Opleiding). De froulju bliuwe wol lid fan harren memmeferiening, mar komme yn de kompetysjes út ûnder de nije namme. Se hawwe in eigen logo en in eigen tenu.
Neffens de foarsitter wie dat wichtich foar de spylsters, in eigen identiteit. It logo is troch de spylsters sels betocht en wurdt yn septimber presintearre. De gearfoeging giet yn earste ynstânsje om acht teams.