Liveblog | 2 july

112-nijs fan 2 july: Roemeen oppakt dy't noch straf útsitte moat

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 2 july, 22:18
22:18

Buske tsjin beam yn Kollum

By in ûngelok yn Kollum is sneintejûn in buske op in beam botst. Dêrby soene twa minsken ferwûne rekke binne. Sy sieten beide yn de auto.

Wat der krekt bard is, is noch net bekend. Ien fan de slachtoffers is mei spoed nei it sikehûs brocht. De oare persoan soe oanholden wêze troch de plysje.
20:15

Roemeen oppakt yn Drachten

De plysje hat sneintemiddei yn Drachten in 28-jierrige Roemeen oanholden. Hy moast noch 224 dagen yn de finzenis sitte fanwegen in feroardieling foar minskehannel. Hy is daliks ynsletten.
11:15

Ljouwerter oanhâlden foar oantaasting frou

In 22-jierrige man út Ljouwert is oanhâlden foar it oantaasten fan in frou op de Wirdumerdijk yn 'e stêd. De fertochte sil heard wurde troch de plysje.
It ynsidint wie op 3 juny. Yn in kafee socht de man kontakt mei de frou. Dy gie dêr fierder net op yn. Op wei nei hûs kamen se elkoar wer tsjin. Doe sloech de fertochte ta.
Ferline wike dielde de plysje blurde bylden fan de fertochte en sadwaande waard de man freed herkend. De plysje betanket elkenien dy't meisjoen hat en freget minsken dy't de bylden ek dield ha, om se fuort te heljen.