Bassiste Emilie Blom fan The Scene hat popskoalle yn Penjum: 'Punk feroare alles'

De nûmers 'Iedereen is van de wereld' en 'Blauw' fan har eardere band binne klassikers wurden yn de Nederlânske popmuzyk. Bassiste Emilie Blom fan The Scene wennet tsjintwurdich yn Penjum. Se jout les op har eigen popskoalle en se spilet ek noch yn bands.
Emilie (1963) is heal Skotsk en heal Nederlânsk, mar ek in bytsje Frysk. Ien fan har beppes is grut wurden yn Jelsum. Foar Emilie fielt it as wennet se yn trije wrâlden. Se hat yn Amsterdam en op it eilantsje Eigg wenne, flak ûnder it bekendere, gruttere eilân Skye oan de Skotske westkust.

Penjum

Hoe kaam se dan yn Penjum telâne? Doe't se 7 jier wie, hiene har heit en mem tegearre mei in oar stel in pleats op it each om mei meardere húshâldings te wenjen.
Lytse Emilie wie mei om te sjen. "Ik stond in het weiland tegenover de boerderij, keek om me heen en dacht: wauw, ga ik hier wonen?" Uteinlik koene har heit en mem om finansjele redenen net meidwaan.
En no wie se tegearre mei har man op syk nei in hûs en dat slagge yn Penjum. "Mijn man is een Groninger, maar hij wordt geaccepteerd in het dorp", seit se laitsjend.

De punk sloech yn as in bom

Se is muzikaal. As bern spile se piano en dwersfluit. Doe't de punk kaam, wist se it fuortendaliks: "Dit is mijn leven."
It soe net maklik wurde, sa wist se ek. Dat drege siet him net yn de ynstrumintbehearsking, want kaamst al in hiel ein ast gewoan yn in band spilest.
Op har 14de rjochte se mei freondinnen in punkband op. Mei noch in oare gitarist soe Emilie gitaar spylje. By de earste de bêste repetysje kaam de bassiste net opdaagjen, dus hong sy de basgitaar mar om.
"Ik heb net zolang mijn punksingles gedraaid tot ik ze allemaal mee kon spelen. Op een gegeven moment was ik de beste bassist van de Amsterdamse punkscene."

Skoaleksamen

In jier letter waard se frege foar de Nederlânsktalige band Dorpsstraat De Munck. Mei dy band toerde se troch Nederlân. Emilie siet noch op skoalle en har heit en mem wiene dêr net sa bliid mei. Se wie begûn op it gymnasium. Fanwege de muzyk bleau húswurk meitsjen der faak by en op 't lêst siet se op de havo.
De skoaleksamens wiene krekt yn de tiid dat se mei de band op toer wie. Se sliepten mei harren fiven yn de bandbus, in lyts frachtweintsje dat by it stasjon delset wie.
"Na het spelen stuurden de anderen mij naar de wagen om te slapen. De volgende ochtend nam ik de eerste trein naar Amsterdam om examen te doen. En dan kwam ik 's middags weer terug."
Mei it sintraal skriftlik eksamen hat se tydlik efkes net meidien mei de band.

Akkordeon yn Skotlân

Nei wat muzikale omswalkingen en in mislearre relaasje ferhuze Emilie nei Skotlân. "Ik dacht: ik hang mijn bas aan de wilgen en ben weg."
Foar dy basgitaar kaam opmerklik genôch in akkordeon yn it plak. Se siet yn in folkband en hie harsels akkordeon spyljen leard.

Jan Rot

In jier letter frege Jan Rot har op audysje foar syn band. Se moast der spesjaal foar nei Nederlân reizgje. De audysje duorre net in pear oeren, mar in hiele wike. Alle dagen spylje en de kroech yn om te sjen oft it klikte. Uteinlik waard se it dochs net.

Thé Lau

No't se werom wie yn Nederlân, woe se eins leaver bliuwe. Se hong briefkes op mei 'Bassist met studio-ervaring zoekt band' en doe belle Thé Lau (fan The Scene, red.).
Se kaam yn 1986 by The Scene, doe noch in Ingelsktalige band. Oant dy tiid wie it in kommen en gean fan bandleden, mar sy is bleaun: "Ik heb dertig jaar bij de band gezeten."
Net lang dêrnei makke The Scene de oerstap nei Nederlânsktalige nûmers. En dêrmei krigen se mear sukses, al duorre it wol oant 1991 oant it album 'Blauw' útkaam.
Dat sloech oan yn België en waard pas dêrnei oppikt yn Nederlân, mei help fan De Dijk dy't de platemaatskippij tipt hie. De single 'Blauw' is yn de rin fan de tiid útgroeid ta in popklassiker.
We gingen soms dagelijks de grens over.
The Scene wie populêr yn België
Goed tsien jier lang hat The Scene in soad optredens dien. De band wie benammen populêr yn België. "We gingen soms dagelijks de grens over."

Katalysator

Emilie sjocht werom op in moaie tiid mei The Scene, al hawwe der ek wol rûzjes west, benammen doe't it sukses ôfnaam.
"Thé heeft meerdere malen gezegd dat ik een soort 'katalysator' in de band was. Daardoor bleef alles wat kalmer. Omdat ik als vrouw af en toe 'vrouwendingen' zei."
De sfear yn de band waard minder. It gie net mear fansels en it fertsjinne net mear genôch. Op in stuit moast Emilie derby wurkje. It wurk en it feit dat se bern hie, makke it dreech om altyd beskikber te wêzen foar optredens. Mar se rêde it op.

Sykte

Thé Lau hat lang njonken de band ek noch solo-optredens dien. Dat fûn de oare bandleden net sa geweldich.
The Scene hat in skoft sliepende west. De lêste fiif jier oant Thé Lau syn dea yn 2015 toerde de band wer folop, mei Pinkpop as ien fan hichtepunten.
Thé genoot ervan en dan is het goed.
Emilie Blom oer de lêste perioade fan The Scene
Se is bliid mei it sukses, mar neamt it ek 'bizar' dat de populariteit tanaam troch dy deadlike sykte. "Daar had ik gemengde gevoelens over. Ik vond het lichtelijk pijnlijk om te doen (optredens en telefyzjeshows, red.), maar Thé genoot ervan en dan is het goed."
Ik kreeg een telefoontje van Thé. Hij zei: Nu ben ik de lul.
Emilie Blom hat sels ek kanker hân
It wie in frjemde perioade, omdat Emilie in jier foar Thé Lau sels ek kanker hân hie. Sy is wer better wurden. "Ik kreeg een telefoontje van Thé. Hij zei: Nu ben ik de lul."
Thé Lau waard earst wer better, mar al gau kaam de kanker werom. "We wisten allemaal hoe het zou eindigen, alleen niet wanneer."

Nije band: Mimile

Yn dy lêste perioade begûn se mei it skriuwen fan nûmers foar har band Mimile. Se liet de songs oan Thé Lau hearre. Wat fûn hy derfan? Twa wiken foar syn dea binne se noch de studio yn gien om de acht nûmers dy't klear wiene, te miksen en te masterjen. De cd is noch net ôf, mar dat komt wol.
Live spylje bliuwt moai. Bygelyks yn in coverband mei de drummer en de gitarist fan The Scene. Lekker har favorite nûmers út de jierren '80 en '90 spylje. Dêr sit ek wurk fan The Scene by, dus eigen nûmers.

Cromwell en Pingpop

En dan is der ek noch de online band Cromwell. Ek yn coronatiid ûntstien. Se hat de Belgyske drummer en gitarist noch nea yn it echt sjoen. Mar der is wol in EP útkaam.
Fierders jout se trije dagen yn de wike les oan in middelbere skoalle. Dat lesjaan leit har wol, want se leart bern in muzykynstrumint bespyljen op har eigen popskoalle yn har wenplak Penjum.
De namme Studio Pingpop liket op dy fan it grutte muzykfestival yn Limboarch, mar is tagelyk ek in fette knipeach nei de Nederlânske namme Pingjum fan har thúsbasis, it Fryske doarp Penjum.

De top 5 fan Emilie Blom

Artyst Nûmer
David Bowie The Man who sold the world
The Clash Magnificent Seven
The Waterboys The whole of the moon
Mimile Stop and Kiss
Cromwell My Darkest hour