It libbensferhaal fan Sippy Tigchelaar: "Stilsitte kin ik net en is ek net goed foar my"

Sippy Tigchelaar yn de polder, flakby Tollebeek © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De reedrydkarriêre fan Sippy Tigchelaar komt yn de jierren 70 hastich ta in ein: Se hat in konflikt mei it reedrydbûn KNSB oer de trainer fan de kearnploech.
Se spant in koart pleit oan en wint dat ek, mar de betingsten om bûten de kearnploech om kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen ôf te twingen binne sa swier dat se beslút de Spelen fan 1976 oer te slaan.
Dan noch mei de gedachte om der yn 1980 by de Winterspelen yn Lake Placid wer by te wêzen, mar it libben rint oars en it konflikt mei de KNSB betsjut de ein fan har reedrydkarriêre. "En ik wie op myn bêst. Ik hie doe eins pas yn 'e gaten wat ik allegear koe", fertelt de no 70-jierrige Tigchelaar oer dy perioade yn har libben.
Sippy Tigchelaar as reedrydster © Eigen foto
Sippy Tigchelaar wurdt berne yn Fryslân en as se in heal jier âld is, ferhúzje har heit en mem nei de Noardeastpolder, nei Tollebeek. Sippy groeit op yn dat flakke, keale en winerige lân.
"Ik wie in echt bûtenfamke", fertelt se. "Mei myn freondintsje boarte ik altyd bûten: hutten bouwe, dingen ferstopje en letter wer opsykje. Wy sieten fol fantasij en koene ús bûten tige fermeitsje."
It reedriden leart se fan har heit, dy't har al op jonge leeftiid meinimt om tochten te riden. "Wy hiene doe noch echte winters. As it sterk iis wie, dan gie ik te riden op de iisbaan hjir yn Tollebeek. En dan ried ik troch oant it net mear koe. Myn hannen en fuotten wiene dan hast beferzen, salang wie ik trochgien."

Altyd trochgean

Dat altyd mar trochgean tekenet Sippy Tigchelaar wol. Se tinkt sels dat it opgroeien yn de polder dêr mei te krijen hat. "Wy moasten altyd troch waar en wyn op 'e fyts nei skoalle. Wy waard noait brocht en dat woene wy ek net. It waaide altyd op dizze keale flakte en dat beuken yn 'e wyn op hat my wol wat brocht. Ik tink dat myn trochsetten dêr wol mei te meitsjen hat."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app.
Op 15-jierrige leeftiid wurdt Sippy lid fan de iisklup yn Emmeloord en giet se in pear kear wyks nei de keunstiisbaan op It Hearrenfean om te trainen. It riden waard doe serieus oppakt en al gau docht bliken dat sy talint hat. As junioare rydt se har yn de kearnploech en mei se yn 1972 mei nei de Olympyske Spelen yn Sapporo yn Japan.
Yn Sapporo learde ik wat fan de wrâld. Ik seach myn eagen út en prate mei elkenien.
Sippy Tigchelaar
De 3000 meter is de iennige ôfstân dêr't se op útkomt en dy wurdt pas oan 'e ein fan de Spelen ferriden. Oant dy tiid docht se har trainingen en se spaant yn it olympysk doarp om. "Achterôf sjoen tink ik dat ik wol wat begelieding ha kinnen hie. Ik rûn dêr as jong famke om, fûn alles prachtich en ha mei in hiel soad sporters praat. Yn Sapporo learde ik wat fan de wrâld."

Fjirde op de 3000 meter

Uteinlik wurdt Sippy Tigchelaar fjirde op de 3000 meter, dy't wûn wurdt troch Stien Baas-Kaiser. De jierren dêrnei wurdt Tigchelaar hieltyd better en yn 1975 rydt se al har persoanlike rekôrs.
Op de 3000 meter is dat tagelyk in Nederlâns rekôr. "Mar ik hie muoite mei de trainer fan de kearnploech. Dy die dingen dêr't ik absolút net oer koe en ik ha dat oankaart by de KNSB. De KNSB hat doe besletten dat hy gewoan syn kontrakt, dat oant en mei de Spelen fan '76 rûn, úttsjinje koe."

Koart pleit

Dat is foar har net te fertarren en se spant in koart pleit oan tsjin it reedrydbûn. Se wint, mar alles derom inne hat har tarieding op it NK en de Olympyske Spelen fersteurd. Boppedat moat se har bûten de kearnploech om sjen te pleatsen en se hat gjin coach. Dat alles makket dat se beslút om dy Spelen rinne te litten.
Sippy Tigchelaar yn 1974 © Nationaal Archief
Underwilens hat se har oplieding kreative terapy ôfmakke en wurket se ek efkes yn dat fakgebiet. Mar al gau kloppet de NOS oan har doar en freget har om as ko-kommintator fan Theo Koomen ferslach te dwaan fan reedrydwedstriden.
Sa rôlet se yn de radiowrâld. Ek foar Radio Noord makket se programma's en as de fraach komt fan Radio Fryslân, docht se in Afûk-kursus Frysk, leart Frysk praten en giet oan 'e slach foar ús eigen Omrop.

Omropkarriêre

By Radio Fryslân en letter Omrop Fryslân hat Tigchelaar in hiel soad programma's makke. Simmerdeis sit se tegearre mei Klaas Jansma yn in boatsje op it wetter om ferslach te dwaan fan it skûtsjesilen.
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Sippy Tigchelaar? Dat kin hjir
Se is de fêste ferslachjouwer by it reedriden en dêrnjonken makket se kulturele en ferdjipjende programma's. "Ik bin noch trije kear frege troch de NOS om by har te kommen om op de sportredaksje te wurkjen, mar dat is my te smel. Allinnich mar sport fyn ik fierstente beheind", fertelt se.

Trije kear in Alvestêdetocht

As har frege wurdt nei it moaiste dat se dien hat, kin se net kieze. "Fansels wiene de Alvestêdetochten geweldich. Ik ha der trije meimakke en trije kear op de Bonke stien, mar oft dat no echt it moaiste wie... nee, dat wit ik net. It skûtsjesilen wie ek geweldich en oare eveneminten as Friesland Vaart ek. Mar ik fûn it ek prachtich om in moaie dokumintêre te meitsjen."
Sippy Tigchelaar en Klaas Jansma dogge ferslach fan it skûtsjesilen © Eigen foto
Sippy Tigchelaar hat altyd in folle aginda. Njonken har wurk foar de radio is se reedrydtrainer by de reedrydferiening yn Rutten en se helpt har man yn de bistedoktersklinyk. Boppedat sit se yn de ried fan tafersjoch fan de Rabobank en letter yn it bestjoer fan de KNSB.

Gjin bern

Oer har priveelibben seit se: "Wy ha gjin bern krigen. In soad minsken tinke dat dat is omdat ik it altyd drok ha, mar sa sit it net. Wy hiene hiel graach bern ha wollen, mar dat is der net fan kommen. En fansels is dat net maklik, mar op in bepaald stuit moatst dat akseptearje. In streep derûnder sette en trochgean."
Sippy Tigchelaar presintearre foar Omroep MAX it Skûtsje Journaal © Eigen foto
Nei 37 jier Omrop Fryslân seit se har fêste baan op en giet se fierder as zzp'er. "Nei safolle jier krijst it gefoel datst alles al ris meimakke hast en dan is it tiid om op te hâlden."
Se docht in oplieding ta 'leefstijlcoach' en wurket op it stuit as sadanich yn Weststellingwerf. Dêrneist treedt se regelmjittich op as deifoarsitter en foar Kulturele Haadstêd docht se it projekt Iepen Doarp.

Boek oer skippersfroulju

Koartlyn hat Tigchelaar tegearre mei Alice Booy in boek útbrocht oer skippersfroulju en se is al jierren bestjoerslid fan de stichting Foar de Neiteam dy't him dwaande hâldt mei it fêstlizzen, dokumintearjen en it oerdragen fan histoaryske gegevens fan skûtsjes.
Sippy Tigchelaar wurdt dizze simmer 71 jier, mar ris wat rêstich oan dwaan sit der net yn. "Dat kin ik net. Ik doch altyd wat en ik tink ek dat it net goed is foar in mins om neat te dwaan. Dat is yn elts gefal net goed foar my."
Sippy Tigchelaar op har racefyts yn de polder © Eigen foto