Liveblog | 1 july 2023

112 nijs fan 1 july: Grutte brân by brulloft yn Bakkefean | Oanfarring op Skylge

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 1 july 2023, 21:31
21:31

Brantsje yn Augsbuert-Lytsewâld

Yn Augsbuert-Lytsewâld stean ferskate heabulten yn in loads yn 'e brân. De brânwacht is dwaande se nei bûten te riden om sa it fjoer te bestriden. De situaasje is neffens de brânwacht ûnder kontrôle.
21:04

Wurdfierder Marko Kinderman: "Brulloftsgasten binne skrokken"

Grutte brân by brulloft yn Bakkefean
It haadgebou fan Nieuw Allardsoog yn Bakkefean hat in soad skea en kin as ferlern beskôge wurde, seit de brânwacht.
De brân is ûnder kontrôle mar der sit noch in soad waarmte yn it gebou. De brânwacht hat foarkomme kinnen dat de brân oerslaan koe nei beammen yn de buert.
De brulloftsgasten besykje earne oars der dochs noch in moaie jûn fan te meitsjen.
21:23

De brân yn Bakkefean is yntusken ûnder kontrôle

19:10

Grutte brân yn hoarekasaak Bakkefean

© CAMJO Media
Yn Bakkefean is in grutte brân útbrutsen. Dat barde om 18:45 oere hinne oan de Jarig van der Wielen wei.
Der wie op dat stuit in brulloft oan de gong mei sa'n hûndert gasten, alle minsken binne út it pân.
Brânwacht korpsen út Drachten, Haulerwyk, Norg, Vries en Leek binne der om de brân te bestriden.
De brân is nei alle gedachten ûntstien yn de keuken en de meterkast en hat yntusken ek de earste ferdjipping berikt.
18:58

Skip fart op Skylge foar tredde kear tsjin kade oan

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Foar de tredde kear yn mear as in jier tiid hat seesleepboat Holland sneon in oanfarring hân mei de kade op West-Skylge.
By de oanfarring rekke in opfarrende ferwûne. De eardere oanfarringen fûnen plak yn juny en oktober ferline jier.
Sneontemiddei om tolve oere hinne wie de tredde oanfarring. Op it momint fan it ynsidint wie de seesleepboat ûnderweis fan Harns út mei in trouselskip oan board. By de oanfarring rekke de mem fan de breid licht ferwûne.