Storein en hurde wyn, mar de Ofslútdyk is wer efkes iepen foar fytsers en kuierders

Kuierders en fytsers op de fernije Ofslútdyk © CAMJO media
Foar it earst yn fjouwer jier wer kuierjend of mei de fyts de Ofslútdyk oer. Dat kin dit hiele wykein, mar wa 't der sneon as earste by wêze woe, stie wol in wrakseling mei de eleminten te wachtsjen.
De earste fytser oan de Fryske kant stiet al foar achten klear. It is in man fan middelbere leeftiid, mei in dweiltrochwiet blau sportpak oan. Op it stjoer fan syn 30 jier âlde fyts hat er provisoarysk in bûslampe fêstbûn. Dy wie nedich, om't syn reis al om 01.15 begûn. Hy hat al 104 kilometer efter de rêch, seit er: "Ik fiets vandaag van Groningen naar Heemskerk."
Hoewol't it waar net meisit, is de Ofslútdyk in wykein iepen foar kuierders en fytsers
Dan moat de man de dyk noch oer. En dêrfoar hat hy net iens in racefyts. "Versnellingen? Ik heb er twee. De ketting erop en de ketting eraf", laket er, wêrnei't hy syn tocht ferfolget.

Kilometers stek

Fan acht oere ôf kin der gebrûk makke wurde fan it nije fytspaad lâns de Waadseekant fan de dyk. Meiwurkers fan Rykswettersteat hawwe oant yn de lytse oerkes trochwurke om alles foar inoar te krijen. Graafmasines binne oan 'e kant set, skeppen opburgen en wurklju binne foar twa dagen ynwiksele foar ferkearsregelers. "En er is drieënhalf kilometer aan hek geplaatst", leit Jaap Buitink fan Rykswettersteat út.
De Vierdaagse staak je toch ook niet omdat het regent?
Kuierders op de Ofslútdyk litte har net tsjinhâlde troch it minne waar
De storein en wynstjitten kinne de kuierders en fytsers net tsjinhâlde. Fan de Fryske kant ôf hawwe se fûle tsjinwyn: "It waar? Waai, waai, waai. Dreech, dreech, dreech", konkludearret in fytser.
Kuierders binne der ek. "Ik ben niet van zout, maar van zoet", seit in man dy 't him neat oanlûkt fan de omstannichheden. "De Vierdaagse staak je toch ook niet omdat het regent?"
Foar wa 't ik ek wat liket; de foarsizzingen foar snein binne krekt wat better. Ek dan is de Ofslútdyk noch iepen foar elkenien.