FryslânDOK 'Underhûds': hoe't rasisme yn ús maatskippij woartele is

Evelyn Andoh © Omrop Fryslân
Yn de FryslânDOK 'Underhûds' sprekt programmamakker Karen Bies trije minsken by wa't it slavernijferline diel útmakket fan harren famyljeskiednis.
Hoe wurket dat troch yn harren libben no, en watfoar ûnderfining hawwe se mei rasisme yn Fryslân? Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Op 1 july 2023 wurdt betocht dat 150 jier lyn in ein kaam oan de slavernij. Mar dy skiednis wurket no noch troch, net allinnich op ekonomysk mêd, mar ek sosjaal: yn de ûngelikense behanneling fan minsken en yn rasisme.
Evelyn Andoh: "Dat begint met dat iemand ooit uit zijn mond heeft gekregen dat mensen met een donkere huidskleur geen volwaardige mensen zijn. Dat is gezegd, dat is opgeschreven. Het is als excuus gebruikt om mensen als machines en op een beestachtige manier te behandelen. Als je dat honderden jaren doet, dan gaat dat niet zomaar uit je systeem."
Op sa'n manier is rasisme ûnderdiel wurden fan ús maatskippij.
Evelyn Andoh kombinearret beide kultueren by it naaien fan klean © Omrop Fryslân
Evelyn Andoh is ien fan de minsken dy't oan it wurd komt yn 'Underhûds'. As njoggenjierrich famke is sy út Gana op it fleantúch set en kaam se yn Frjentsjer, by - sa't letter bliken die - har Ganeeske omke en syn frou.
Yntusken wennet se al tritich jier yn Fryslân. Se wurket by Friesland Pop, is kreatyf produsint en makket sels klean op 'e naaimasine. Dêrby kombinearret se bûnte stoffen út Afrika en effen stoffen út Nederlân, om sa de beide kultueren dy't yn har sitte, by elkoar te bringen.
Evelyn Andoh op Black Lives Matter yn 2020 © ANP (foto Vincent Jannink)
Evelyn Andoh stie trije jier lyn, 13 juny 2020, op it poadium fan de Black Lives Matter demonstraasje yn it Ljouwerter Rengerspark. Sy hold doe buorden mei útspraken omheech, dy't tsjin har sein binne en dy't se altyd mei har meidraacht. "Ik wilde stilstaan bij de dingen die mensen naar je roepen. Hoe onschuldig de roeper het soms ook beschouwt, het doet pijn."
Fan de Fryske befolking hat 5,5 prosint in net-westerske migraasje-achtergrûn, docht bliken út gegevens fan Planbureau Fryslân. Dat betsjut ûngefear 35.000 minsken. In grut part dêrfan, sa'n 14.000, komme út Suriname, de Antillen en Yndonezië. Gebieten dy't Nederlân iuwenlang yn besit hie as koloanje en dy't troch slavehannel en -arbeid, enoarm bydroegen hawwe oan de rykdom hjir.
Ek Friezen fertsjinnen goud jild yn de oerseeske koloanjes, sa is te sjen yn de FryslânDOK 'De keapman en de dûmny' dy't ferline wike útstjoerd is.
Marlon Wijngaarde © Omrop Fryslân
Marlon Wijngaarde is berne yn Suriname en ferhuze as bern mei syn mem nei Ljouwert. Hy is no dwaande mei ûndersyk nei syn roots. Yn 2011 hat hy werom west nei Suriname.
Dêr moete hy syn 'erkenner', de man dy't mei Marlon syn mem troud is en sa him erkend hat as syn soan. "Heel belangrijk," seit Marlon. "Want er zijn veel Surinamers die niet erkend zijn, of niet weten wie hun vader was."
Marlon Wijngaarde fiert aksje om it jier '1873' yn te fieren as betinking © Omrop Fryslân
Marlon fiert mei T-shirts en stickers aksje om it jier '1873' yn te fieren foar de jierlikse betinking fan de ôfskaffing fan de slavernij. Op papier waard de slavernij al ôfskaft yn 1863.
Mar doe moasten de ta slaaf makke minsken earst noch tsien jier ferplicht foar har 'eigener' wurkjen bliuwe, foardat se écht frij wienen.
De Kurasaoske Anoushka Faneyt, mem fan fiif bern, wenne earst yn Rotterdam en ferhuze tweintich jier lyn nei Fryslân. In wrâld fan ferskil: "Alsof ik van een andere planeet kwam."
As foarsitter fan it wykpanel Bilgaard wie se gauris de iennichste 'fan kleur' yn in romte fol mei wite minsken. "En dan voelde ik me zo donker!"
Anoushka Faneyt helpt nijkommers, memmen fan ferskillende komôf © Omrop Fryslân
Anoushka hat de lieding oer in 'Moedergroep' yn it buerthûs fan Oldegalileën. Sa helpt se nijkommers, memmen fan ferskillende komôf.
Se fielt har thús yn Ljouwert: "Ik heb mezelf hier gevonden eigenlijk. Alles wat ik nu doe, heb ik in Friesland ontdekt dat ik het kón. Mensen helpen."
Se fynt dat minsken fan de Antillen mear stipe krije moatte om foarút te kommen. "Wij moeten gewoon als Nederlanders worden behandeld, want wij hebben een Nederlands paspoort."
Karen Bies oer har dokumintêre 'Underhûds'
FryslânDOK 'Underhûds'
Sneon 1 july NPO2 16.00 oere (werhelling snein 13.25 oere)
Snein 2 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele