Bysûnder Belgysk planetariumkabinet yn werynrjochte Eise Eisinga Planetarium

In folslein nije ûnderfining moat it wurde foar besikers fan it Eise Eisingaplanetarium. It museum is it ôfrûne jier flink ûnder hannen naam en werynrjochte. Ek hat it museum no in Belgysk planetariumkabinet yn brûklien.
Neffens projektlieder tentoanstellingen Liesbeth Zwaag wie it museum wol oan fernijing ta. "Je zag dat er hier en daar dubbelingen waren in de tentoonstelling en ook dat er heel veel mooie objecten lagen te verstoffen in het depot. Bovendien veroudert zo'n tentoonstelling ook in vijftien jaar."
Dêrom is wier alles oanpakt. "Want als je ergens begint en een kast van de muur trekt, zie je dat de vloer ook oneffen is en die dus ook vervangen moet worden. Zo komt er altijd meer werk achter vandaan en ben je uiteindelijk wel even bezig."
Gjin einzelgänger
De nije yndieling moat derfoar soargje dat it ferhaal fan Eisinga better ferteld wurdt. Dat hy in ambisjeus ûndernimmer wie dy't serieus naam waard yn hegere kringen en net dat hy in einzelgänger wie, sa as ferskate minsken tinke.
It Eise Eisinga Planetarium is werynrjochte
Ek die bliken dat de pylkjes op de grûn, dy't minsken folgje moasten yn de coronatiid sa goed wurken, dat it museum se hâlden hat. "Mensen verdwalen hier wel eens, en op deze manier leidt je de bezoekers op een laagdrempelige manier rond", seit Zwaag.
Planetariumkabinet
In bysûnder objekt dat te sjen is, is in achttjinde-iuwsk Belgysk planetariumkabinet. It is it iennige fan dit formaat yn Nederlân. It is opkocht troch in Nederlânske samler en trije jier lang restaurearre.
"De staat was bedroevend", seit Pieter de Ruiter dy't it kabinet restaurearre hat. "Het was met een soort muurverf wit geschilderd, het uurwerk was erg lastig te repareren, het was om te huilen." It planetariumkabinet bliuwt sa as it no liket in jier stean.
De weryndieling fan it museum is noch net hielendal klear. It museum wol bygelyks noch mear dingen foar bern om aktyf mei dwaande te wêzen.
