Boargemaster Van de Nadort lilk oer sluting plysjeburo Wolvegea: "Onverstandig besluit"

boargemaster André van de Nadort © Omrop Fryslân
Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf is lilk op de plannen foar de sluting fan it plysjeburo yn Wolvegea. Tongersdei kaam it nijs nei buten dat it plysjeburo oan de Grote Weegbree ein 2025 ticht giet.
Neffens de plysje is it troch de tanommen digitalisearring net mear nedich om it buro iepen te hâlden. Ek de ûnderhâldskosten fan it gebou spylje mei yn it beslút. Van de Nadort is it der om ferskate redenen net iens mei dat beslút.
"Ten eerste, als het politiebureau dichtgaat wordt de standplaats van de politiemedewerkers anders. Dat betekent dat zij hun diensten beginnen en eindigen op een andere plek. Per dienst zijn wij die reistijd van Heerenveen naar Oosterwolde gewoon kwijt."
We gaan gewoon door op de oude weg, we sluiten voorzieningen.
Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf
De boargemaster fynt it boppedat wichtich dat der in fysyk buro yn de buert bliuwt, sels as in part fan de tsjinsten al digitalisearre binne. In tredde reden foar him is it rapport 'Elke regio telt'. "Daarin is een discussie gaande over de discrepantie en het voorzieningenniveau tussen grote stedelijke kerngebieden en de plattelandsregio's."
"Dat verschil is onacceptabel groot geworden, is geconstateerd. Dan ligt er zo'n constatering en dan komt het bericht: het politiebureau gaat dicht. We gaan gewoon door op de oude weg, we sluiten voorzieningen."

Ferrast, wol op hichte

De boargemaster hie al wol sinjalen krigen dat dit beslút deroan siet te kommen. "Ik ben wel iets eerder ingelicht als dat het persbureau het naar buiten bracht, maar het overviel me wel. Ik heb toen al gezegd dat ik er niet mee blij mee was en dat ik het ook een onverstandig besluit vindt."
Van de Nadort seit wol te begripen dat de plysje frege is om it tal kante meters fêstgoed lanlik werom te bringen. "Ik heb ook gezegd dat ik bereid ben daarover mee te denken, zodat wij dat politiebureau open kunnen houden."
© Shutterstock
"Ik vind het belangrijk dat je als politiefunctionaris een standplaats hebt waar je ook werkt, dat je hebt connectie hebt met het gebied waar je aan het werkt."
De boargemaster hâldt hoop. Takom wike stiet in earste petear mei it plysjeburo oer dit beslút op de planning. "Het lijkt me wel dat ze in gesprek willen, anders zouden ze geen uitnodiging sturen."