Fryslân leveret húswurk yn, natuerdoelanalyze opstjoerd nei Ecologische Autoriteit

De Heide fan Allardseach yn It Mandefjild by Bakkefean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
By de Ecologische Autoriteit yn Utrecht witte se sûnt freed folle mear oer hoe't de stikstofgefoelige natuer derby leit yn Fryslân. De provinsje hat sjoen nei wat der ôfpraat is oer de natuerkwaliteit fan tsien natuergebieten en oft wy ús ek oan dy ôfspraken hâlden hawwe. De útkomsten binne nei de Ecologische Autoriteit stjoerd.
Alle tsien gebieten falle ûnder Natura 2000. Dat betsjut dat Nederlân mei alle oare Europeeske lannen ôfpraat hat de natuer dêr goed te beskermjen. Eins wist suver eltsenien al dat wy dat net goed dien ha. Want der komt te folle stikstof de gebieten yn, wêrtroch't soarten dy't it dêr goed op dogge, de oerhân krije.
Dat wurdt ek wol ferrûging neamd. In oar effekt fan te folle stikstof is fersuorring. Dêr hâlde ek net alle planten fan. En sa binne der noch wol mear effekten dy't derfoar soargje dat net allinnich de planterykdom ôfnimt, mar ek de ynsekten en fûgels dy't dêr mei fan ôfhinklik binne.

Ferdrûging

Wat der fierder foar soarget dat natuer him net goed ûntwikkelet, is ferdrûging. Yn de measte gefallen komt dat omdat de beskikberens fan foldwaande en kwalitatyf goed wetter skea oprûn hat trochdat oare brûkers fan it lân en it wetter om de natuergebieten hinne foarrang krigen ha yn hoe't it hiele wettersysteem opset is.
De ferdrûging fersterket ek noch de effekten fan te folle stikstof.
Plûmsigge yn de Rottige Meenthe. © Omrop Fryslân
Foar alle tsien gebieten is no in rapport opsteld: in saneamde Natuur Doel Analyse (NDA). It giet dan om de Waadeilannen, de Alde Feanen, de Rottige Meenthe mei de Brandemar, de Bakkefeanster Dúnen, Van Oordt's Mersken, Weinterperskar en noch in gebietsje by de Aldegeaster Brekken en de Fluessen.
De Ecologische Autoriteit is troch it Ryk ynsteld om te sjen oft de kwaliteit fan dy analyzen wol goed is en oft der heldere hânfetten yn stean om dy natuerkwaliteit wer te ferbetterjen.
At sy grien ljocht jouwe, kin de provinsje dizze natuerdoelanalyzen brûke om mei de brûkers fan de streek in plan te meitsjen om de natuer te ferbetterjen, sadat wy wer foldogge oan de ôfspraken dy't wy earder makke ha oer de beskerming dêrfan.

Boeren en natuerbehearders

Yn de praktyk binne dat benammen boeren, mar net allinnich. Ek bygelyks de natuerbehearders sels moatte betiden djoere maatregels nimme om de effekten fan wat der yn it ferline al misgien is te ferhelpen.
Dit dún moat sa wer stowe by hurde wyn. Soks helpt ek om de dunen hjir op Skylge sûn te hâlden © Omrop Fryslân/Remco de Vries
No leit de oanfier fan stikstof nei dizze natuergebieten noch heger as wat dy natuer oankin. Al liket dat op guon Waadeilannen benammen it gefal foar hiele spesifike typen terreinen. Net alle stikstof komt fan boeren om natuerterreinen hinne, mar betiden ek wol fan wat fierder fuort.
En der binne ek noch oare, bygelyks yndustriële boarnen fan stikstof. It measte komt wol fan de lânbou, sa is al fan it begjin ôf sein. Maatregels tichteby de natuergebieten hawwe nei alle gedachten it measte effekt. En at je dêr minder dwaan wolle, moatte der mear boeren dy't fierder fan dy natuer ôf buorkje ek wat mei de stikstof dwaan dy't sy produsearje.
© Omrop Fryslân
De lanlike en provinsjale oanpak fan stikstof is noch folop yn ûntwikkeling, mar troch rjochtsaken is der mar beheind romte om radikaal oare karren te meitsjen.
As de oanpak slagget, moat it in soad ekonomyske aktiviteiten wer fan it slot ôfhelje en ek de problemen oplosse fan boeren dy't tochten dat sy oan alle easken foldienen, mar dêr't de bedruiwsfiering no dochs op slot stiet, de saneamde PAS-melders.
Yn oanrin nei it iepenbier meitsjen fan de natuerdoelanalyzen wiene de boeren ferienige yn de NLTO al kritysk oer dizze rapporten. Sa min as it neffens de analyzen mei de natuer giet, soe net kloppe.

It Fryske Gea: "Goed wurk levere"

Adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea fynt dat der goed wurk levere is: "It is gewoan objektive ynformaasje oer hoe't it derfoar stiet mei de soarten. Wat binne de faktoaren dy't derfoar soargje dat it mei guon saken net goed giet? En wat kinne je dêroan dwaan? Wy wolle hjirmei wol oan 'e gong en oan it wurk."
Weinterperskar © Omrop Fryslân
Dêrop foarútrinnend is It Fryske Gea sels bygelyks op It Amelân al begûn mei it mear ynlitten fan kalkryk sân yn de dunen. Dat kalk neutralisearret de fersuorring en soarget derfoar dat karakteristike dúnflora wer in kâns krijt.

Wetlike ferplichting

Neffens Bakker is it no saak troch te pakken en mei elkoar yn petear te gean oer wat der krekt barre moat. En dat is net allinnich in saak foar de lânbou. Te lang wachtsjen is eins net ferantwurde, sa klinkt troch yn syn ferhaal, sjoen de wetlike ferplichting soarten te beskermjen en nei trije drûge simmers dy't harren ynfloed net misse op bygelyks it oantal en ferskaat oan flinters.