Lêste dei foar't brânstofprizen wer de hichte yngean: "Tank nog snel even volgooien"

Drokte by de pomp yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Fjirtjin sint mear betelje foar in liter benzine en tsien sint mear foar in liter disel. Dat is fan sneon ôf de realiteit, en dêrom is it freed krekt wat drokker as oars by ferskate benzinestasjons.
By in ûnbemande pomp, op itselde terrein as in supermerk oan de Tynjedyk yn Ljouwert, is it freedtemoarn drok. Der stiet sels in rige mei auto's dy't stean te wachtsjen op har beurt. Sa seit ien frou dat se thús de prizen seach, en dêrom no by de pomp stiet.
"Ik dacht: het wordt allemaal duurder, dus toch nog even volgooien. Vanmiddag wordt er nog mee naar Amsterdam gereden, dat is weer een halve tank. Dus ik kan vanavond nog een keer."
Yn Ljouwert is it wachtsjen by de pomp troch feroarjende brânstofprizen
Tusken de auto's stiet ek in frou mei in jerrycan te wachtsjen. It is foar de boat fan de bern, seit se. Se bekent ek dat se net goed op de hichte is fan de prizen. "Ik moast dochs boadskippen dwaan. Dan roppe se thús: moatst foar 1 july ek noch efkes tanke. Dus dan doch ik dat mar."
"Ik begrijp dat mensen hier in de rij staan, 17 cent per liter scheelt bij een volle tank toch al gauw enkele euro's", rekkenet in âldere man foar. "Zelf tank ik altijd één keer in de maand en toevallig kwam het nu zo uit. Dat is toch weer mooi meegenomen."

Nochris djoerder

It kabinet besleat ferline jier yn maart om de boargers wat yn 'e mjitte te kommen om't de enerzjyprizen troch it dak fleagen. Yn jannewaris waard dizze maatregel nochris ferlinge, mar de regearingspartijen lykje no fan doel dizze keapkrêftmaatregel ôf te bouwen.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Op 1 july nimme de prizen dus wer ta. Mar dêr bliuwt it net by. Want fan 1 jannewaris ôf wurdt it tanken nochris djoerder. Dan kostet in liter benzine noch wer ris 8,7 sint ekstra en disel en LPG 5,6 en 2,1 sint de liter ekstra.
Fierder lizze der ek ideeën op tafel om benzine en disel op termyn byminge te litten mei biobrânstoffen, dy't djoerder binne. Mar dêr moat it kabinet noch oer beslisse.

Rêstich yn Akkrum

Yn Akkrum is der freed fan drokte oan de pomp neat te fernimmen. "Ik soe hast sizze, it is hjir rêstiger as oars op freed", seit Hilda, dy't it tankstasjon lâns de A32 beminsket. "Al moat ik wol sizze dat it tongersdeitejûn wol wat drokker wie. Dus miskien hawwe se hjir al west."
Yn Akkrum falt it ta mei de drokte by de pomp © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Ek by twa oare, ûnbemanne pompstasjons yn it doarp is fan drokte neat te fernimmen. Wol komt der in âldere man mei in hast antike trekker del. "Ik sit by in feriening dy't toertochten makket mei âlde trekkers. Dan giet der gau in tank troch, dus ik tocht, it kin noch even." Neist de trekker wurdt ek noch hurd in jerrycan folsmiten.

10 euro de folle tank

De priis fan benzine bestiet yn Nederlân sa'n bytsje foar de helte út aksynzen en btw en de priis fan disel foar sa'n 40 persint. De koarting dy't it kabinet joech, skeelde benzineriders al gau in tientsje en diselriders sa'n 7 euro op in folle tank.
De rige is yn Ljouwert yntusken wat lytser wurden. In frou laket wannear't har frege wurdt hoefolle it skeelt om de tank op dizze dei noch fol te smiten. "Ja, onderaan de streep valt het misschien mee wat het oplevert, maar goed. Het scheelt in elk geval iets en je blijft toch Hollander hè."