Sûnenssoarchakademy NHL Stenden wint ûnderwiispriis fan 1,2 miljoen

Minsken fan NHL Stenden bliid mei de priis © NHL Stenden
It projekt 'Future proof nurses' fan NHL Stenden hat de Nederlandse Onderwijspremie 2023 wûn. Dêrby oefenje studinten fia digitale simulaasjes hoe't se omgean moatte mei situaasjes dy't harren yn de praktyk foardwaan kinne.
It doel fan it projekt is om takomstbestindige ferpleechkundigen op te lieden.

"Geweldige bekroning"

Ut hannen fan Underwiisminister Robbert Dijkgraaf krige de projektgroep binnen de akademy Sûnenssoarch 1,2 miljoen euro. "Dit is een geweldige bekroning én stimulans. Deze prijs toont aan dat onze collega's en studenten met partners uit het werkveld heel innovatief bezig zijn. En dat is ook nodig om de uitdagingen in de zorg aan te kunnen gaan", reagearret Reinskje Suierveld, direkteur fan de akademy.
"Met deze prijs gaan we daar volop mee door. Het geeft ons de kans om nog meer kennis met elkaar, met collega's zowel in het hbo als in het mbo en het werkveld te kunnen delen."
NHL Stenden wûn de konkurrinsjestriid fan De Haagse Hogeschool en Windesheim. De Nederlandse Onderwijspremie is de heechste ûnderskieding yn it middelber- en heger ûnderwiis. De priis is in wurdearring foar ûnderwiisfernijing en - ferbettering.