Twa Fryske fuotbalsters by definitive WK-seleksje, Fenna Kalma falt ôf

Fenna Kalma © ANP
Bûnscoach Andries Jonker fan it Nederlânsk frouljusfuotbalteam hat syn definitive seleksje foar it WK bekend makke. Dêryn binne twa Fryske spylsters opnaam. It giet om Sherida Spitse en Kerstin Casparij.
It betsjut dat Fenna Kalma ek ôffallen is. Sneon waard al bekend dat Tiny Hoekstra net selektearre is foar it Nederlânsk alvetal.

Wedstriden

It WK wurdt yn july en augustus holden yn Australië en Nij-Seelân. Oranje spilet yn de groepsfaze tsjin Portugal, de Feriene Steaten en Fjetnam.