Anja Haga út Dokkum wurdt nije Europarlemintariër ChristenUnie

Anja Haga © Omrop Fryslân
Anja Haga út Dokkum wurdt de nije Europarlemintariër fan de ChristenUnie. Se nimt it stokje oer fan partijgenoat Peter van Dalen, dy't op 3 septimber nei goed 14 jier ôfskied nimt fan it Europeesk Parlemint.
Haga rint al fjouwer jier mei yn Brussel en is de earste op de list fan de ChristenUnie om Van Dalen op te folgjen. Se sjocht der bot nei út, seit se. "It is belangryk om it kristlik-sosjale lûd hieltyd wer op 'e nij hearre te litten. Godstsjinstfrijheid, de skepping en omsjen nei de neiste freegje de kommende jierren folop ús omtinken, just ek op Europeesk nivo."
Yn it ferline hat Haga steatelid fan Fryslân west. Yn 2015 waard se útroppen ta bêste steatelid. Se is spesjalist op it mêd fan natuer- en klimaatsaken op Europeesk niveau.

Tichter by de minsken

Haga wol de Europeeske polityk tichter by de minsken bringe. "Just op Europeesk nivo wurde hiel belangrike besluten naam, dêr't minsken elke dei mei te meitsjen ha. Yn Nederlân wurdt betocht hoe't se dan de regels ynfolje. As it earne belangryk is wat der polityk gebeurt, dan is it Brussel. It is yndied fier fuort foar de minsken, dus ik sjoch it ek as in útdaging om te soargjen, dat wat ik doch, dat ik dat ek ticht by de minsken bringe kin."
De plenêre seal fan it Europeesk Parlemint yn Brussel © Omrop Fryslân
Ek op persoanlik flak wurdt it in útdaging foar Haga. "Ik moat myn baan opsizze en sil troch de wike of yn Brussel sitte of yn Straatsburg, mar ik bliuw gewoan yn Dokkum wenjen. Ik ha gelokkich in man dy't it ek hiel leuk fynt. Dy kin fan hûs út wurkje, dus dy giet gewoan mei dêr't it kin. Dan kinne we it moai tegearre dwaan. Dêr sjoch ik ek bot nei út, dat fyn ik hiel moai. "
Ferhûzje is Haga dus net fan doel. "Nee, ik wol net út Fryslân wei", seit se op wisse toan.

Ek listlûker fan de ChristenUnie?

Haga har oanstelling yn Brussel is foarearst foar in jier, want takom jier juny binne der nije ferkiezingen. De kâns bestiet ek dat Haga kommend jier listlûker wurdt fan de ChristenUnie, fertelt se. "It idee is dat it lanlik bestjoer my foardrage sil as listlûker. Dêr moat it kongres noch oer beslute, dus dat is allegear noch ûnwis."

Twa Friezen yn Europarlemint

Mei de beneaming fan Haga komt it oantal Friezen yn it Europarlemint op twa. VVD'er Jan Huitema út Makkingea sit sûnt 2014 yn it Europeesk Parlemint.