Grutte winsk Anouska Koster komt út: as kopfrou nei Giro d'Italia en Tour de France

It fielt wat ûnwennich foar Anouska Koster om it lûdop te sizzen, mar it is dochs wier. By de twa grutste hurdfytskoersen fan mear as ien dei foar froulju is se de wichtichste pion fan har ploech.
Freed begjint Koster oan de Giro d'Italia en oer fjouwer wiken stiet se oan de start fan de Tour de France. Dat de fytster fan De Westereen dy grutte rondes rydt, is net sa bysûnder: earder ried se dy koersen ek wol.
Der is ien ferskil: no is se de kopfrou fan har ploech Uno-X. "Om it sa út te sprekken, fyn ik wol lestich. Djip fan binnen wol ik it hiel graach. De ploech rydt foar my en dat is wol hiel bysûnder, foaral omdat ik dat net wend bin yn in grutte ronde. Dat is ek de reden dat ik oerstapt bin nei dizze ploech. "
Nije ploech
Mei dizze ploech bedoelt se de Noarske formaasje Uno-X. It is har earste seizoen yn tsjinst fan harren. Dêrfoar ried se foar Jumbo-Visma. Mar Koster makke de kar om de grutste hurdfytsploech fan ús lân te ferruiljen foar Uno-X.
Se hat der noch gjin momint spyt fan hân. "Ik fiel my hiel bot thús yn dizze ploech", fertelt Koster. "In oare oanpak mei wat mear frijheid hat hiel goed foar my west. It is in wat lytsere ploech wêrtroch't meardere fytsers harren kânsen krije kinne."

Kwa profesjonaliteit docht Uno-X neffens Koster hast neat ûnder foar Jumbo-Visma. En dat wylst de Skandinavyske ploech noch mar in jier bestiet. In foarbyld fan dy profesjonaliteit yn de ploech binne de aerodynamyske testen op de tiidritfyts.
Ek hat Koster krekt op hichtestaazje west yn Livigno, Italië. Dêr wie se mei har ploechgenoaten, dy't hast allegear út Skandinavië komme. Dat makket foar Koster net út. "Do bist al heal Skandinavysk seine se tsjin my", laket Koster.
Ik fiel my thús. Skandinaviërs binne fergelykber mei Friezen: beskieden en nochter.
"Ik fiel my thús. Skandinaviërs binne fergelykber mei Friezen: beskieden en nochter. Dat giet hiel goed mei-inoar", ûnderfynt de 29-jierrige hurdfytsster.
Se hie hope dat har prestaasjes yn de foarjiersklassikers wat better west hiene, mar de ôfrûne tiid lit Koster bettere foarm sjen. Ferline wike noch waard se fjirde op it NK tiidriden. En se einige twa moannen lyn as tredde yn in Lúksemboarchske etappekoers fan twa dagen.
Giro d'Italia
Freed begjint Koster dus as kopfrou fan Uno-X oan de Giro d'Italia. Yn tsien dagen wurde njoggen etappes ferriden. "Wy geane foar it klassemint, mar as dat net slagget, is der gjin man oerboard en geane we foar etappes", leit Koster út.
It foardiel is dat se nei alle gedachten al gau wit oft in goed klassemint realistysk is. "De twadde dei is al in bytsje in klassemintedei, dan kinst sjen hoe'tst stiest yn fergelyk mei de echte toppers. As ik dan goed mei kin, sille we it klassemint heech hâlde."
Fytssters as Annemiek van Vleuten en Elisa Longo Borghini binne oare toppers dy't de Giro ride. Koster wol harsels net mei harren fergelykje. "Yn prinsipe sit ik dêr krekt wat ûnder. Myn doel is om rjochting de top tsien te kommen. As dat net slagget, komt etappewinst hiel heech op myn listje."

Nei de Giro is der net in soad tiid om by te kommen. Twa wiken nei de lêste etappe begjint de Tour de France foar froulju.
Uno-X sil dan op 'e nij mei Koster as kopfrou úteinsette, al moat se dy titel wol diele. "Der is noch in famke út Noarwegen dat fantastysk klimme kin. Tegearre mei har sil ik it dwaan. It plan is itselde: sjen oft it klassemint deryn sit. Wurdt it neat, dan geane we foar de etappes."