Gemeenten wolle belibbingswearde Fryske Waadkust ferbetterje, omwenners hawwe noed

Byld fan de seedyk ôf © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
Mei it projekt 'Op Paad lâns it Waad' wurkje de gemeenten Harns, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân en Wetterskip Fryslân gear oan it ferbetterjen fan de belibbingswearde fan de Fryske Waadkust. Guon omwenners binne lykwols benaud foar oerlêst.
It is de bedoeling dat parten fan de dyk tagonklik makke wurde foar fytsers en kuierders. Sa komt der in fytspaad by de hiele dyk del, ek mei stikken oan de kant fan de see. Fierder is it plan om saneamde 'natuurbeleefplekken' oan te lizzen, in soart bankjes wêrop't minsken nei de natuer sjen kinne.
Marilyn Arema-Scheffer is ien fan de omwenners dy't benaud binne foar problemen. "Veel autoverkeer, veel parkeerproblemen", sommet se op. "Dit is een afgesloten weg bij stiltegebied, en we hebben gewoon autorally's die voorbij schieten."
Arema-Scheffer tinkt dat it gebiet de ekstra toeristen simpelwei net oankin. "Al zijn het de rustigste mensen, we zijn hier niet op ingericht. Voor ons als bewoners is het een teistering."
De natuerbelibbingsplakken en de krekte rûte moatte noch útwurke wurde. Dat is ûnder oare ôfhinklik fan de winsken fan ynwenners, seit projektlieder Jos Bosma. Omwenners kinne ek noch ynsprekke, likegoed formeel by de fergunningen as by de projektûntwikkeler.
De oanlis fan de rûte wurdt kombinearre mei de dykfersterking tusken Koehoal en de Lauwersmar. De wurksumheden dêrfoar moatte yn 2024 úteinsette en sille sa'n seis oant acht jier duorje.