De Koornbeurs krijt nije 'trekkenwand', mar noch gjin ekstra personiel

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Koornbeurs krijt 130.000 euro om in krúsjale 'trekkenwand' te ferfangen. De gemeenteried fan Waadhoeke hie lykwols gjin jild oer om nije minsken oan te nimmen by it teäter.
De riedseal yn Frjentsjer siet tongersdei aardich fol, dat kaam benammen troch sympatisanten fan it teäter. "Wy kinne net sûnder de Koornbeurs", sa sei Wieke Fennema. Sy komt geregeld yn it teäter. "De Koornbeurs giet my tige oan it hert."
Dochs wie net eltsenien op de hân fan de Koornbeurs. "De gewone man van Franeker en Waadhoeke komt er niet. Het is altijd het vaste kliekje", seit Lies Baarda. "Ik wil niet dat het licht uitgaat, maar wel dat er LED-lampen worden gebruikt."
In selde lûd kaam út de ried. "De belangrijkste vraag voor ons is of een schouwburg nog past bij de aard en schaal van onze gemeente", sa freget Rien Venema fan it CDA him ôf. "Moet de opdracht misschien worden gewijzigd?"
Rien Venema fan it CDA © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De Koornbeurs woe der sa'n 89.000 euro ekstra yn it jier by om mear personiel oannimme te kinnen. De minsken fan no kinne net al it wurk mear fersette.
CDA'er Venema set dêr syn fraachtekens by. "We vinden het onverantwoord om ongelimiteerd geld te blijven steken in De Koornbeurs." Dêrom wol de partij, tegearre mei SAM, GemeenteBelangen en de VVD, in ûndersyk nei de takomstbestingens fan De Koornbeurs. Yn de tuskentiid soe der dan gjin ekstra bydrage komme foar it teäter.
It kolleezje, dêr't SAM en GemeenteBelangen ek yn sitte, wol dat wol. "Kultuer is yn syn opbringsten faak min út te drukken", seit wethâlder Jan Dijkstra. De wethâlder fan FNP seach sels al yn dat syn wurden net in soad teweibringe soene: SAM, GemeenteBelangen, CDA en VVD hawwe tegearre in grutte mearderheid.
Wethâlder Dijkstra © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Gjin ekstra bydrage dus, wol in ûndersyk. Foar 1 july 2024 moat dat klear wêze. Yntusken hie De Koornbeurs foar de koarte termyn noch in grutter probleem: de trekkenwand. De ynstallaasje dêr't ûnder oare ljochten en dekôr oan hingje, is ôfkard.
It teäter kin net sûnder, dus dy soe gau ferfongen wurde moatte. Dat wie dan ek simpeler foar de ried: dy stimde unanym yn.