Enerzjyboskwachters beoardielje projekten as sinneparken op natuerkwaliteit

Minsken tichter by de natuer bringe. Dat is it idee fan in nij projekt by de Friese Milieu Federatie (FMF). Minsken dy't yn de natuer ynteressearre binne, kinne in kursus folgje. Sy wurde dan enerzjyboskwachters.
De enerzjyboskwachters folgje in kursus fan twa moannen. Sy krije dan in opdracht om yn in gebiet nei de steat fan de natuer te sjen. Lykas by it sinnepark yn de omkriten fan Ljouwert en Wergea.
By parkearterrein Hemriksein lizze sinnepanielen njonken de dyk. "It is eins in keal fjild mei sinnepanielen", seit enerzjyboskwachter Marjo Vogel. "Dêr moat mear libben yn, lykas mei planten of gers dat net meand wurdt."
Enerzjyboskwachter beoardielje de natuerkwaliteit
Vogel is ien fan de minsken dy't de kursus ta enerzjyboskwachter folge hat. Tegearre mei Leon en Désirée van der Meulen is sy oan de gong mei it projekt by Wergea. "It giet derom dat wy sjogge nei de steat fan de natuer by in projekt as in sinnepark", seit Vogel.
"Der wurdt in stap set nei in griener libben, mar dochs kinne der noch in soad dingen ekstra dien wurden. Der stiet hjir bygelyks in bijehotel by, mar der sit gjin inkeld ynsekt yn. It libben fan de natuer om it hotel hinne is ferlern en dan kinne de bisten der ek net libje."
Meitinkende boargers
De Friese Milieu Federatie hâldt foar it twadde jier op rige de kursus ta enerzjyboskwachter. Der binne no 30 enerzjyboskwachters yn Fryslân. "Wy sjogge dat de kommende jierren hieltyd mear ynset wurdt op sinneparken of oare farianten fan enerzjy", seit Suzanna Bekkema fan de FMF.
"Wy wolle dan graach dat minsken meitinke kinne oer de ynfolling. It rint no gauris skean tusken wat de boargers wolle en wat de oerheid wol. Sa kinne wy beide fan inoar leare."

Leon en Désirée van der Meulen binne grutsk op de titel enerzjyboskwachter. "We halen het eten uit de natuur", seit Leon. "Wij moeten als mens dus goed passen op de natuur. Ik wilde mijn steentje bijdragen en hoop dat zo te kunnen doen."
Griene parken yn stee fan keal fjild
De FMF is dwaande om de enerzjyboskwachters mear op de kaart te setten. "Wy binne mei gemeenten en ûntwikkelers yn oerlis oer wat wy betsjutte kinne foar harren", seit Suzanna Bekkema.
"Wy sille net mei in finger wize, mar wolle just helpe yn de opbou fan sinneparken. De enerzjyboskwachters ha in soad kunde en dus kinne takomstige ûntwikkelers harren help brûke. Dat wy griene parken krije yn stee fan in keal fjild."