Reedrydmuseum Hylpen kin no de gouden medaljes fan Alvestêdewinner Coen de Koning sjen litte

De gouden medaljes dy't Coen de Koning krige foar winst yn de Alvestêdetochten fan 1912 en 1917 © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It reedrydmuseum yn Hylpen is sûnt tongersdei in bysûndere kolleksje riker. Tsientallen medaljes, bekers en oare omtinkens út de neilittenskip fan Alvestêdewinner Coen de Koning binne yn permaninte brûklien jûn troch de gemeente Edam-Volendam. Dêrby ek twa spesjale gouden medaljes.
Se binne it pronkstik fan de kolleksje. De twa gouden medaljes foar it winnen fan de Alvestêdetocht fan 1912 en 1917. Ek de krúskes út dy jierren binne ûnderdiel fan it guod, krekt as de redens dêr't De Koning beide Tochten op wûn en in beker dy't hy krige foar it wrâldkampioenskip langebaan yn 1905.
Ald-sportsjoernalist Ron Couwenhoven hat mear as oardel jier yn oerlis west mei de gemeente Edam-Volendam om de kolleksje dêrwei út it argyf te krijen om it nei Hylpen te bringen. Ofrûne moandei koe hy lang om let de spullen ophelje op it gemeentehûs, dêr't se fjirtich jier lein ha.
De medaljes fan Alvestêdewinner Coen de Koning lizze fan tongersdei ôf yn it reedrydmuseum
"Ik heb als eerste gekeken of zijn medailles van zijn gewonnen Elfstedentochten erbij zaten", seit Couwenhoven. Hy hâldt de medaljes, dêr't de Alvestêdekrúskes oan fêstsitte, grutsk omheech. "En jawel, dit zijn ze."

'Trots op'

"Die medailles was hij enorm trots op", fertelt de âld-sjoernalist. "Toen hij de toertocht in 1940 nog eens reed, samen met Karst Leemburg die de Tocht in 1929 won, had hij deze medailles op zijn jasje gespeld."
Der binne mar trije reedriders dy't de Alvestêdetocht twa kear wûn ha. Dat binne Coen de Koning (1912 en 1917), Auke Adema (1940 en 1941) en Evert van Benthem (1985 en 1986).
De Koning soe eins de edysje fan 1917 net ride. Doe't hy hearde dat Jan Ferwerda, de nûmer twa fan 1912, oan de start stie, reizge hy dochs ôf nei Fryslân. Ferwerda hie De Koning yn 1912 nammentlik beskuldige fan falsk spyljen.
"Er kunnen vandaag twee dingen gebeuren. Of De Koning komt aan als nummer één. Of jullie kunnen een doodskist voor hem bestellen", sa skynt De Koning doe sein te hawwen tsjin Ferwerda. Nei in machtige solo fan sa'n 170 kilometer kaam De Koning yndie wer as winner oan yn Ljouwert.
Museumdirekteur Pieter Bootsma is tige bliid mei it guod fan Coen de Koning. "Ik fyn it hiel bysûnder dat it spul nei mear as hûndert jier noch allegear by elkoar bleaun is. Der sitte hiel bysûndere saken by, mar de gouden medaljes fan de Alvestêdetochten springe der dochs wol út."
De kolleksje mei guod fan Coen de Koning © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It museum hat al in fitrine mei guod fan Coen de Koning. Dêr kin it nije spul net samar by. "Under de fitrine fan De Koning ha we de boel wat leechmakke. Dêr leine wat stimpelkaarten en foto's fan tiidgenoaten dy't yn 1912 en 1917 de Tocht riden ha. Dat moat mar efkes in nij plakje krije, want dit nije guod fan Coen moat fansels wol by it guod komme te lizzen dat we al hiene."