Bewenners It Amelân wolle eigen feartsjinst yn 2029

Sa giet de boat no nei It Amelân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De fersobere tsjinstregeling fan en nei It Amelân soarget foar in soad diskusje by eilânbewenners en toeristen. Tagelyk ûndernimt in groep Amelanners stappen om in eigen feartsjinst op te setten.
De groep is al in pear jier dwaande om in eigen rederij op te rjochtsjen en pleatste koartlyn in advertinsje yn de syktocht nei in eigen reder. Yntusken hat de groep al inkelde reaksjes binnenkrigen.

Trije of fjouwer skippen

It doel fan de Amelander Veerdienst is om tsjin 2029, by de nije konsesje foar it passazjiersferfier oer it Waad, in float te hawwen. "We willen drie of vier schepen hebben om de hele dienstregeling voor Ameland veilig en betrouwbaar te maken", seit Fabian Kock út Ballum, ien fan de inisjatyfnimmers.
De ûntefredenheid oer de macht fan Wagenborg bestiet al jierren op it eilân. Troch de resinte perikels om de fargeul hinne hat de Amelander Veerdienst op dit stuit de wyn yn de seilen. "We hebben zelfs al foto's gekregen van een bestaande boot", sa seit Kock. "De gesprekken lopen inmiddels. Dat is wel heel leuk."
De Amelander Veerdienst soe opset wurde moatte neffens it model fan de Texelse rederij TESO, dêr't ynspraak regele wurdt troch hast trijetûzen oandielhâlders, wêrfan't de mearderheid op Teksel wennet. Plannen foar in eigen feartsjinst op Skylge rûnen yn 2014 út op in soad rjochtsaken.
Op It Amelân binne se dêr net benaud foar. Ut in enkête fan ferline jier docht bliken dat hast tachtich persint fan de eilânbewenners de oprjochting fan in eigen rederij stipet. Se wolle benammen mear ynfloed hawwe op de plakken oan board, it parkearbelied yn de fearhavens en de hoemannichte auto's fan toeristen op It Amelân.