Eangst foar ledeferlies nei plan om sportkantines drûch te lizzen

Sportkantines moatte drûchlein wurde. Dus betsjut dat der gjin alkohol mear ferkocht wurdt. Dat is it plan dêr't it kabinet op dit stuit oan wurket. Sportferienings sjogge it net sitten. Sy binne benaud foar ledeferlies, mar ek foar twaspjalt.
"It jild sil earne weikomme moatte. Dus dan moat de kontribúsje omheech en dat kin net eltsenien betelje", seit Eelco Bruinsma. Hy is lid fan de technyske kommisje fan c.s.v. Leeuwarder Zwaluwen en sit ek yn de lederied fan fuotbalbûn KNVB.
"Minsken nimme dan ôfskied fan de feriening, wylst sport foar eltsenien wêze moat. Dit plan kin net."
Sosjale komponint
Bruinsma kriget dêryn stipe fan Sport Fryslân. "Ast sjochst nei de sosjale komponint fan it ferieningslibben, dan ferwachtsje wy dat minsken hjirtroch ôfheakje. Want gesellichheid heart by in sportbelibbing", stelt Allard Donker.
Eltsenien is it der al oer iens dat sport en alkohol op himsels gjin goede kombinaasje is. Bruinsma: "De tredde helte is hiel belangryk. Mar myn stelling is: je moatte it dosearje."
Kantines drûch lizze soarget foar leechrin sportferienings
Dêr leit in taak foar de ferienings. Sport Fryslân helpt se dêrby, seit Donker: "We prate mei klups oer hoe't se de hanthavening dwaan moatte. Dêrneist prate we oer skinktiden en dat der gjin kratten of meters bier mear ferkocht wurde, mar allinnich losse produkten. Dat helpt ek al."
Omset
Wat neffens de ferienings út it each ferlern wurdt troch de planmakkers, is dat de omset needsaaklik is foar de klups. "Ik kin koart wêze: sportferienings farre dêr goed op", seit Bruinsma. "We bekostigje dêr goede trainers fan en soargje sa ek foar feilige en goede akkommodaasjes."