Krityske Keamer set minister Adema ûnder druk om gau mei eigen plan foar lânbou te kommen

Piet Adema © ANP
"Als minister Piet Adema zo doorgaat, dan wordt het geen september maar Sint Juttemis, voordat er een landbouwplan ligt", dat seit Attje Kuiken, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Twadde Keamer. De Keamer wie tongersdei kritysk op Lânbouminister Piet Adema.
Adema sei ta dat er yn septimber mei in kabinetsfoarstel komt foar de takomst fan de lânbousektor.
Adema fertelde de Keamer dat er dat 'yn oerlis' mei de sektor dwaan wol. Ferskate partijen binne, nei de moannen duorjende petearen oer it lânbouakkoart, benaud dat dit op 'e nij wolris hiel lang duorje kin.
"It giet net om nije ûnderhannelings", sei Adema yn syn taljochting. "Wy meitsje no as kabinet in plan, mar it is fansels wol handich om yn petearen mei de sektor nei te gean oft der ek draachflak foar is. De jonge boeren hawwe my dat ek frege."

"In een jaar niets opgeschoten"

Jesse Klaver fan GrienLinks waard foar syn gefoel 'wurch' fan it debat. "Het mag voor Adema nieuw zijn, maar met Adema's voorganger (Henk Staghouwer, red.), hadden we een jaar geleden net zo'n debat. Voor mijn gevoel zijn we niets opgeschoten."
Klaver is der min oer te sprekken dat Adema de ôfrûne moannen mei in hiel soad partijen oer it lânbouakkoart spruts, mar net mei de Twadde Keamer. Ek Sandra Beckerman fan de SP is kritysk oer it debat. "Voor mijn gevoel is het net Groundhog Day."
Krityske keamer set minister Adema ûnder druk om gau mei eigen plan foar lânbou te kommen
De koälysjepartijen fine dat Adema foaral syn foardiel dwaan moat mei de goeie plannen út it ferline wike klapte lânbouakkoart. Twadde Keamerlid Eline Vedder fan it CDA, de iennichste boerinne yn it parlemint, fynt dat Adema fierder gean moat mei it útgongspunt fan 'doelsturing'.

'Bliuw nei de boeren lústerje'

Lit boeren sels byhâlde watfoar stoffen der oanfierd en útstjitten wurde op it bedriuw en jou harren dêr dúdlike doelstellings by. Dan kinne se sels sjen hoe't se dêr it bêste hinne wurkje kinne.
"Voor mijn gevoel is de afgelopen 7 maanden goed naar de boeren geluisterd. Het is belangrijk om dat vast te houden en met voorstellen te komen waar de boeren mee uit de voeten kunnen", seit Vedder.
De landbouwtransitie zal alleen werken als je dat met de sector kunt doen.
Boer en politika Eline Vedder
"Dat is veel beter dan de zoveelste voor boeren onbegrijpelijke maatregel uit Den Haag. De landbouwtransitie zal alleen werken als je dat met de sector kunt doen", sei de Drintske boerinne.
Vedder is ek bliid dat Adema ree is om mei boeren kontrakten fan 18 jier te sluten oer agrarysk natuerbehear. Fan Vedder mei dat noch wol wat langer. "Dertig jaar zou mooi zijn. Daar kun je wat mee als boer."
Tjeerd de Groot © ANP
Tjeerd de Groot fan D66 wie foarsichtich posityf oer de stappen dy't it kabinet oan it setten is. "Ik vind natuurlijk dat het te lang duurt, maar het kabinet zet wel degelijk betekenisvolle stappen. Er ligt nu een piekbelastersregeling, andere regelingen zijn onderweg en wat D66 betreft kan het perspectiefplan van Adema er nu snel liggen."
De Groot fynt wol dat Adema no trochpakke moat. "Een landbouwakkoord betekent niet dat je blijft praten totdat de landbouw akkoord is."

Frustraasje

Adema is noch hieltyd 'tige frustrearre' oer it klappen fan it lânbouakkoart, flak foar de einstreek. Adema hie fan LTO noch acht fragen meikrigen foar in kabinetsreaksje. Doe't dy reaksje klear wie, woe LTO net mear fierder prate. "Het is net alsof de juf geen belangstelling meer heeft voor het huiswerk dat je hebt gemaakt", sei Adema tsjin de Twadde Keamer.
"LTO hat fansels it rjocht om op te stappen by it oerlis, mar de wize wêrop hat my echt frustrearre." Keamerlid Vedder hold de minister foar dat it mislearjen fan it oerlis net bepalend wêze mei foar it ferfolch. "Het gaat erom dat we als politiek verstandige zaken doen voor de sector, voor de jonge boeren. Wie er wanneer is opgestapt, vind ik minder belangrijk."