IM easket selstraffen oant in jier tsjin fertochten fan dowestellerij Steggerda

It Iepenbier Ministearje hat selstraffen oant 12 moannen easke tsjin fjouwer mannen út Litouwen dy't derfan fertochte wurde dat se 96 postdowen stellen hawwe út Steggerda. Dêrnjonken wol it IM dat der in skeafergoeding fan 142.500 euro betelle wurdt.
Op 28 en 29 novimber 2021 waarden de dowen stellen út de hokken fan twa bruorren. De bisten hiene in wearde dy't rûsd wurdt op likernôch 400.000 euro.17 fan de 96 postdowen hienen yn it ferline prizen wûn.
Dowen net weromfûn
Neffens de eigeners sieten der by de dowen trije fan 'útsûnderlike kwaliteit'. De dowen mei de nammen Luna, Maxime en Dafne waarden nea weromfûn. Dat jildt ek foar de 93 oare dowen.
"We weten niet waar en aan wie die duiven zijn overgedragen, verdachten hebben daar geen openheid over gegeven. Hieruit blijkt voor het OM dat verdachten doelgericht en uitsluitend met het oog op hun eigen financiële belangen hebben gehandeld. Ik reken hen dat aan", seit de offisier fan justysje.
Telefoan ôfharke
It IM tinkt dat trije fertochten de dowen stielen. De oare fertochte hie in koördinearjende rol. Der rûn al in opspoaringsûndersyk nei dy lêste man yn Litouwen. Syn telefoan waard ôfharke, dêrtroch kaam kommunikaasje oer de dieverij fan de dowen oan it ljocht. Dat hat úteinlik late ta de oanhâlding fan trije fan de mannen yn Litouwen, de oare man waard yn Nederlân oppakt.
It IM hat in deal sluten mei ien fan de fertochten fan de rôf. Mei him waard in jier sel oerienkaam. Dy man wol syn straf sa fluch as mooglik útsitte, sadat er werom kin nei Litouwen.
De oare trije krigen finzenisstraffen fan njoggen en tsien moannen. De rjochtbank docht op 13 july útspraak.