Liveblog | 29 juny

112-nijs 29 juny: Fleis mei skerpe foarwerpen yn bosk | Dyk ticht troch kapotte hynstewein

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 29 juny, 19:19
19:19

Hynstewein kapot, N31 by Drachten efkes ticht

De N31 by Drachten hat tongersdeitemiddei in skoft ticht west fanwege in kapotte hynstewein. De bisten moasten oerlade wurde nei in oare wein. Om 18.10 oere hinne koe de dyk wer iepen.
16:02

Plysje warskôget foar panneferkeapers

De plysje warskôget foar malafide panneferkeapers. De oplichters soenen geregeld mei pannesets by de doarren delgean yn Noard-Nederlân. It giet lykwols om guod fan tige minne kwaliteit.
De oplichters sizze dat de pannen oerbleaun binne fan in beurs en dat it om djoere eksimplaren giet. Dat is net wier, seit de plysje: "Het gaat om spullen van erbarmelijke kwaliteit."
16:08

Fleis mei skerpe foarwerpen yn Ljouwerterbosk

Tolcura Dierenklinyk Ljouwert krijt ferskate meldingen binnen fan húsdiereigeners, dy't yn it Ljouwerterbosk stikken fleis fûn ha mei skerpe foarwerpen deryn.
It giet bygelyks om stikken metaal, glês en meskes. De bisteklinyk riedt dêrom oan om der goed op te letten by it útlitten fan de hûn.
15:55

Plysjeburo Wolvegea ticht

It plysjeburo oan de Grote Weegbree yn Wolvegea giet ein 2025 ticht. Neffens de plysje is it troch de tanommen digitalisearring net mear nedich om it buro iepen te hâlden. Ek de ûnderhâldskosten fan it gebou spylje mei yn it beslút.
13:00

Krúspunt Anne Vondelingweg en N355 yn Ljouwert fan 18.00 oere ôf ticht

Hjoed om 18.00 oere wurdt it krúspunt op de Anne Vondelingweg en N355 in pear dagen hielendal sletten. Dat duorret oant en mei moandeitemoarn 3 july 06.00 oere. Yn de tuskentiid wurdt de wurke oan de dyk.
Ferkear moat omride fia de Wâldwei (N31) en de Sintrale As (N356).
It krúspunt oan de Anne Vondelingweg en de N355 yn Ljouwert © Google Street View
10:48

Frachtwein yn de fik oan de Grinzerstrjitwei (N355)

Op de Grinzerstrjitwei (N355) tusken Ljouwert en Tytsjerk is tongersdei in frachtwein yn de brân flein. Der komt in soad reek frij by de brân by de kant fan de dyk del. Der binne twa brânwachtauto's teplak kommen om it fjoer út te meitsjen.