Tilja Jansma fan Nij Beets nei Frankryk: "Sûnder kachel wie it earst wol fris"

Tilja en Jappie wenje yn Frankryk © Tilja Jansma
Tilja en Jappie fan Nij Beets kochten in hûs yn Frankryk dat acht jier leech stien hat. Dus: hannen út de mouwen stekke en oanpakke. Nei in pear moannen hiene se pas in kachel. En dat yn de winter mei snie.
Sûnt in heal jier wennet Tilja Jansma fan Nij Beets mei har partner Jappie yn Montel-de-Gelat yn Frankryk. It doarp leit yn it hegere gebiet Sintraal Massyf dat trochrint nei it suden ta. Sy wenje rûchwei yn it midden fan it lân.
Tilja wurke yn Fryslân by de gemeente. Se is earder mei pensjoen gien om har dreamen wier te meitsjen. It wenjen yn Frankryk foldocht goed. "We hiene der altyd wol sin oan. Op fakânsjes hiene we sjoen dat it in prachtich lân is mei aardige minsken. It is faak moai waar en de natuer is geweldich."
No is Frankryk in grut lân. Hoe giene se op syk nei in hûs en foaral wêr? Tilja en Jappie hiene in pear easken. Se woenen wol graach in hús tichtby in doarp mei in dokter en in bakker, en net te fier riden fan Fryslân foar harren sân bern as dy't op besite komme soene.
Mar yn it Sintraal Massyf, Frankryk © Tilja Jansma

Massif Central: marren, bergen, heuvels en bosken

It suden fan Frankryk foel ôf, want dêr is it harren te waarm. Midden-Frankryk is goed te dwaan. sa fûnen se. "Yn it Massif Central hast fan alles: marren, bergen, heuvels en bosken, neam mar op."
De kar foel op in grut, frijsteand hûs yn Montel-de-Gelat mei in frij grutte tún. It hûs is tsjin in heuvel oan boud. It rint ôf en sadwaande sitte der ruten yn de kelderkeamers ûnder de wenromtes. Tilja en Jappie hawwe elk in eigen kelderromte. Se kinne dêr út wei sa de tún yn stappe.

Earst noch gjin ferwaarming

It hûs hie acht jier leech stien. Der moast in hiel soad oan dien wurde en dat opknappen dogge se sels. It is noch net ôf. Se lutsen yn it hûs oan it begjin fan de winter en doe wie der noch gjin ferwaarming. Dat betsjutte: wurkje mei de jas oan. Pas nei sawat in moanne hiene se in wurkjende houtkachel. Yn de tuskentiid wennen se yn de camper en yn in fakânjehúske.
It doarpke Montel-de-Gelat © Tilja Jansma
Yn jannewaris wie it echt winter mei temperatueren tusken de 0 en -10 graden, fertelt Tilja. Yn febrewaris wie it in stik better. Se koene doe betiden ek wolris bûtendoar sitte. Mar yn maart foel de winter opnij yn.
"Minsken dy't hjir wenje, fertelden ús dat der normaal altyd in heale meter snie leit. Dat hawwe we no net helle. Mei 15 sintimeter hâlde it no wol op. Ast wurkest bliuwst wol waarm, mar it hat flink fris west."
It hûs is noch net hielendal klear, al hawwe alle keamers no wol ferwaarming. "We binne klear foar de kommende winter."
De tún fan Tilja en Jappie © Tilja Jansma
Tilja hâldt harren aventoeren by op har eigen webside. Dêr set se alle wiken in ferhaaltsje op mei foto.
Se wenje no in heal jier yn Montel-de-Gelat. Op de fraach wat se mist oan Fryslân moast Tilja nei efkes neitinken bekenne: "Eins net safolle. Soms haw ik wolris sin oan in dropke, mar dat is net typysk Frysk. Boppedat, ôfrûne moanne hawwe we noch yn Fryslân west. Dan sjochst elkenien wer. Nee, we hawwe noch neat mist."