Friezen ha mear fertrouwen yn provinsjale polityk nei de ôfrûne ferkiezingen

Hast seis fan de tsien Friezen hat op dit stuit fertrouwen yn de provinsjale polityk. Dat docht bliken út in stekproef ûnder 2.100 Friezen fan ûndersyksynstitút Kieskompas, yn opdracht fan de NOS en alle regionale omroppen.
Foar de ferkiezingen is deselde fraach steld. Doe joegen fjouwer op de tsien Friezen oan fertrouwen te hawwen. In grut ferskil.
It ûndersyk is holden om werom te sjen op de Provinsjale Steateferkiezingen fan 15 maart. Der binne ek in soad Friezen (fjouwer op de tsien) dy't posityf weromsjogge op de ferkiezingsútslach. Gefoelens as gerêststelling, tefredenheid, hoop, blidens en nijsgjirrichheid komme in soad werom fan de respondinten.
Ingeborg Veldkamp fynt it tige ynteressant wat der op dit stuit bart yn de regio. Veldkamp is ûndersykster en dosint bestjoerskunde fan Thorbecke Academie yn Ljouwert. "De afgelopen twee jaar is er veel aandacht gekomen voor de regio. Er heerst een sentiment of gevoel dat bepaalde regio's zich sociaal en economisch achtergesteld voelen en dat de landelijke politieke beslissingen meestal in het voordeel van de Randstad uitpakken."
Proteststim
Wylst de provinsjale polityk it better docht ûnder de Friezen, is it fertrouwen yn de lanlike oerheid noch mear sakke. 17 persint fan de Friezen jout no oan noch fertrouwen te ha, yn febrewaris wie dat noch 22 persint.
Fjouwer op de tsien Friezen hat harren stim útbrocht as proteststim. Dêryn hawwe de leeftiidsgroep 35 oant 49 jier, en de praktysk- en middelopliede respondinten it grutste oandiel.
Wat docht de BBB?
No is de grutte fraach of de BBB dit fertrouwen wol wiermeitsje kin. "De BBB staat in Friesland voor een uitdaging die eigenlijk te verwachten was bij het vormen van een coalitie", fertelt Veldkamp.
"De BBB heeft veel stemmen gekregen voor onvrede over de landelijke politiek, maar de BBB zal ook concessies moeten doen, net als alle andere partijen die een coalitie willen vormen in Friesland. Nu is het aan hen de taak om deze stem te vertegenwoordigen en de regio beter te dienen."
Veldkamp tinkt dat it fertrouwen fan de Friezen it minst skeind wurdt salang de BBB in sintrale rol hat yn ús provinsjale polityk. "Tijdens de provinciale verkiezingen heeft Nederland gekozen voor maatwerk, het oplossen van vraagstukken naar regionale behoeften. Zolang zij de regionale stem vertegenwoordigen, verwacht ik dat de mate van vertrouwen redelijk stabiel kan blijven."
Taljochting op it ûndersyk
Foar dit ûndersyk ûnderfrege it ûndersyksynstitút Kieskompas 41.713 Nederlanners tusken 4 april en 24 maaie 2023. Om de resultaten represintatyf te meitsjen foar de kiesberjochtige Nederlanners fiert Kieskompas in waging út. De ûndersyksresultaten binne woegen op provinsje, leeftiid, geslacht, oplieding, migraasje-eftergrûn en stimgedrach by de Twadde Keamerferkiezingen. Mear ynformaasje fine jo hjir.
In wichtich detail is dat dielnimmers ûnderfrege binne foardat de formaasje yn Fryslân yn juny mislearre. PvdA luts op tiisdei 20 juny de stekker út de formaasje, dat wie noch net bekend doe't dit ûndersyk útfierd waard.