Fryske wolven bieten fyftich skiep en ien shetlandponny dea tusken febrewaris en april

In wolf yn Nederlân © ANP Foto
Wolven hawwe yn de perioade tusken 9 febrewaris en 30 april fyftich skiep en ien shetlandponny deabiten yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan BIJ12, dat dy sifers byhâldt foar provinsjes.
Yn totaal kamen der yn dizze perioade fjirtjin meldingen fan mooglike wolve-oanfallen binnen. By twa dêrfan gie it úteinlik om in oanfal fan ien of meardere hûnen. Dat barde bygelyks op 20 febrewaris doe't in kealtsje deabiten waard yn Walterswâld. Ek trije skiep yn Langsweagen binne deabiten troch in hûn. Fan ien oanfal binne de DNA-resultaten noch net binnen.

Fjouwer wolven

By in oanfal op 15 maart yn Langedike kamen de measte skiep om it libben. Doe waarden fyftjin skiep deamakke troch in wolf, sa docht no bliken út DNA-ûndersyk. De shetlandponny waard deabiten yn Boyl. Dat barde op 17 febrewaris. In oare ponny rekke ferwûne by dy oanfal.
De wolven komme op it stuit allinnich noch mar foar yn it súdeasten fan Fryslân yn it grinsgebiet mei súdwest-Drinte. It giet om in pearke mei twa manlike neikommelingen.