Gjin grien mear yn de boatskroeven by Makkum: Wetterskip Fryslân set meanboat yn

© Omrop Fryslân
Mei de boat of de kano troch de fearten by Makkum, dat koe oant no ta net sûnder grutte stikken grien yn de skroef. Wetterskip Fryslân hat no in oplossing betocht. Yn de Djippert en de Dyksfeart fart no in mean-sammelboat. Dy meant twa kear yn it jier de planten krekt boppe de boaiem wei.
Fan 2018 ôf waard it hieltyd dreger om yn de fearten by Makkum te farren. Dat wie net noflik foar de ferhierders fan boaten, suppen of kano's. De moaie farrûtes wienen fan Makkum út net mear te befarren en om allinnich mar op in grutte feart hinne en wer te gean is ek net sa aardich. Sa leit Yvonne Wiersma, wettersportûndernimmer en lid fan 'team ALG' út.
Gjin grien mear yn de boatskroeven by Makkum
"Wy moasten klanten altyd freegje de skroef skjin te meitsjen en it is ek wolris bart dat boaten fêst kamen te sitten." Mei dizze meanboat út Utert besiket it Wetterskip oft dizze metoade ek foar Fryske wetters in útkomst biede kin.

Helder wetter

De planten binne sa hurd groeid om't de wetterkwaliteit ferbetteret. "Het heldere water zorgt ervoor dat veel zonlicht de bodem kan bereiken en de planten dus maar groeien en groeien", leit wetterskipsbestjoerder Monique Plantinga út.
Om de ekology yn it wetter yn stân te hâlden wurdt allinnich it diel yn de midden oanpakt. "Sa hawwe de fisken en oare bisten dy't yn it wetter libje tiid om nei de bûtenkant te swimmen", seit ekolooch Marianne Thannhauser.

Trije jier-duorjende proef

Boppedat is meanen better dan baggerjen om't der in soad ynsekten en oare lytse bisten yn it djipste diel fan de feart sitte. Dat wurdt no better behâlden.
It meanen en ôffieren fan de planten moat twa kear yn it jier barre. Yn july sil de boat wer by de fearten del. Thannhauser: "Ekologysk sjoen is ien kear foldwaande mar foar de wettersporters bart it twa kear yn in jier."
De proef duorret 3 jier, oft de boat dêrnei op oare plakken yn Fryslân brûkt wurde sil, wurdt letter besjoen. It grienôffal sil brûkt wurde troch boeren om kompostearje te kinnen.