GGD Fryslân is klear foar nije coronafaksinaasjekampanje yn it neijier

GGD Fryslân is der klear foar om yn it neijier wer grutte groepen minsken te prikken. Dat sizze se yn reaksje op it advys fan de Gezondheidsraad oan it kabinet om minsken mei in kwetsbere sûnens en 60-plussers in nije coronafaksinaasje te jaan.
Yn hiel Nederlân giet it om fjouwer miljoen minsken. Neffens de Gezondheidsraad is in faksinaasje oan te rieden om't in ynfeksje by dizze groep noch hieltyd liede kin ta sikehûsopname of stjertje. Dat barde it ôfrûne jier ek al. Doe wienen der troch omikron lytse pieken yn it tal sikehûsopnames.
Foar de measte minsken is in besmetting gjin probleem. Dy ha troch faksinaasje of in besmetting al in reedlik goede immuniteit opboud.
Advys: faksinearje âlderen en minsken mei swakke sûnens dit neijier tsjin it coronafirus
Neffens GGD Fryslân-dokter Jeannette Provoost kin je it advys fan de ried sjen as de grypprik. Dat wurdt dan in jierlikse faksinaasje. Dat jildt dan ek foar soarchmeiwurkers dy't yn kontakt steane mei pasjinten.
Opkomst
Provoost doart net te sizzen oft in soad minsken de prik helje. "We zien dat het aantal mensen dat een prik haalt de afgelopen tijd is afgenomen. Landelijk gaat de gezondheidsraad uit van 60 procent. We gaan zien of we dat gaan halen." As it kabinet it advys oernimt begjint de kampanje dit neijier.