Grienferwurkers yn ferset tsjin gemeentebeslút om grienôffal nei boeren te bringen

It meanen fan gers © Shutterstock
Ferwurkers fan grienôffal komme yn ferset tsjin in beslút fan de gemeenten Ljouwert, Waadhoeke en Súdwest-Fryslân om it meanôffal út berms by boeren te bringen. It idee is dat sy it grienôffal brûke kinne om it te kompostearjen.
Neffens de ferwurkers kin dat juridysk sjoen lykwols hielendal net. De Branche Vereniging Organische Reststoffen (BVOR) hat dêrom yn in brief fersocht om it beslút werom te draaien.

Offalstof

"Groenafval dat vrijkomt bij onderhoud van gemeentelijke groenvoorzieningen, dus parken, plantsoenen, bermen, is juridisch geclassificeerd als een afvalstof", leit Arjen Brinkman fan de BVOR út.
Grienûnderhâld © Shutterstock
"Die afvalstoffen moeten verwerkt worden door bedrijven die daar een vergunning voor hebben. Door het materiaal af te voeren naar boeren, is daarvan geen sprake en zijn zowel de gemeenten als de boeren in overtreding."

Sirkulêre ekonomy

Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke sjocht it net sa. "Wy besykje it meanôffal werom yn de sirkulêre ekonomy te bringen. Boeren wolle hiel graach grien restmateriaal ferwurkje foar boaiemferbettiering, wetteropfang en it werombringen fan it gebrûk fan keunstdong. Oant no ta waard it sjoen as ôffalstof, mar wy fine dat we it op 'e nij brûke moatte."
Neffens Brinkman bart dat lykwols al. "Het bermafval gaat nu naar vergunde instellingen. Die hebben apparatuur waarmee ze het materiaal kunnen opschonen, ontdoen van zwerfafval en ook kunnen zorgen dat exoten, zoals Japanse duizendknopen, worden afgedood. Die inrichtingen maken daar hele mooie compost van", stelt hy.
"Die inrichtingen maken er keurcompost van dat voldoet aan de strengste Europese kwaliteitseisen. Lokaal wordt dat al geleverd aan akkerbouw- en melkveebedrijven die het gebruiken voor bodemverbetering. Dus feitelijk is er al lokale circulariteit."

Oertrêding fan de wet

Wethâlder Dijkstra erkent dat de regels hjir en dêr oanpast wurde moatte. Dochs wol hy foarearst fêsthâlde oan it plan. "Wy binne mei in nije ûntwikkeling oan de gong, We besykje it better te dwaan as we no dogge. Dus wy wolle der seker mei troch."
We willen niet dat iedereen op iedere straathoek zomaar afvalstoffen kan verwerken, want daar is geen toezicht op en dat brengt allerlei milieurisico's met zich mee.
Arjen Brinkman fan de BVOR
Brinkman begrypt dêr neat fan. "We hebben nou eenmaal bedacht dat afvalstoffen op een goede, verantwoorde manier moet worden verwerkt bij vergunde inrichtingen. We willen niet dat iedereen op iedere straathoek zomaar afvalstoffen kan verwerken, want daar is geen toezicht op en dat brengt allerlei milieurisico's met zich mee."
De BVOR fynt dat gemeenten mei dit belied de wet oertrêdzje. "Drie Friese gemeenten hebben beleid vastgesteld dat wettelijk onjuist is, dat op flinterdunne onjuiste argumenten gebaseerd is. Dat is heel raar, als overheden gaan afwijken van landelijk vastgesteld milieubeleid."
"Fansels wolle wy ek net dat der ferkearde stoffen yn de grûn komme", seit Dijksta. "Dus as bliken docht dat dit echt net troch de bûgel kin, dan moatte wy ús plannen oanpasse. Wy sille no earst sjen hoe't we reagearje op de brief.