Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Slimmer'

Sigrid Kingma © Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem
It alfde gedicht fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma hjit 'Slimmer'. Hast oeral is it bedwelmjend hyt en drûch. Tagelyk giet de 'hillige' oarloch fan Ruslân mei Oekraïne ûnfersteurd troch en jout in neismaak oan it simmergefoel. De daamopblazing liket al wer ferdampe nei de opskuor in pear hûndert meter fan Moskou. Perfoarst gjin komkommertiid.

Slimmer

De lippen oan in plestik tútsje
is it nuet poatsjedraaien
slok wearze as fitamine D mineur
yn a gadda da vida

As se de sinne út de loft sjitte
it wetter fan meloen skiede
beton as ballon opblaze
hoe soe ik noch in raketsje

Wurden wurde my troch
kantsjemeaners werom
de drûge strôt yn treaun
mei bibelsitaten derta

Yn in fjild fol papaver
mei de skepper graach seinemeane
fochtich snijt it skerper
mar alles wurdt dochs mulch.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.