Posysje Nyck de Vries yn Formule 1 opnij ûnder druk

Nyck de Vries yn petear mei teambaas Franz Tost (midden) en Helmut Marko (rjochts). © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries leit wer ûnder fjoer. Helmut Marko, de autosport-sjef fan Red Bull, hat him op 'e nij negatyf útlitten oer de Fries dy't in dreech F1-seizoen hat.
De 80-jierrige Marko is ferantwurdlik foar de koerreursbesetting by sawol it team fan Max Verstappen (Red Bull Racing) as susterteam AlphaTauri. Yn de Inside Line F1 Podcast praat hy dêroer en dielt in feech út oan de koereur fan Twellingea.

Horner woe De Vries net

Nei't de Red Bull-adviseur wat positiver te sprekken like oer de prestaasjes fan Nyck de Vries, lit hy no blike noch net tefreden te wêzen oer wat de 28-jierrige op de baan sjen lit. Hy erkent dat er mei Red Bull-teambaas Christian Horner spul hie oer de kar foar De Vries as ferfanger foar Pierre Gasly: "En op dit stuit liket it derop dat er gelyk hat", seit Marko.

Tost woe Schumacher

Horner wie net de iennige dy't eins in oare koereur by AlphaTauri woe. Ek teambaas Franz Tost hie in oare foarkar. Hy woe leaver Mick Schumacher. Mar Marko makke him hurd foar De Vries, krekt omdat er noch mar ien F1-race riden hie. Hy soe dêrmei better passe by harren filosofy fan in juniorteam.
It ferklearret ek wêrom't de Red Bull-adviseur sa strang is op De Vries. Earder dit jier dielde hy al in giele kaart út om't hy te folle faasje tekoartkaam op teamgenoat Yuki Tsunoda. Nei de Grand Prix fan Monako, dêr't De Vries him as tolfde yn kwalifisearre (syn bêste kwalifikaasjeresultaat oant no ta) liet Marko witte mear fan dit soarte fan wykeinen sjen te wollen. Ek ûntkende hy dat De Vries ferfongen wurde soe. "Foarearst sille wy neat dwaan', sei er doe.
© Red Bull Content Pool
Hoewol't De Vries sels sprekt fan in opgeande line, en hy ek seker rapper is as earder yn it seizoen, hat er dat noch net yn resultaten omsetten. Yn de WK-stân stiet er noch hieltyd op nul punten. By de lêste race yn Kanada soarge in ûngelokkige ynhelaksje op Kevin Magnussen derfoar dat se tegearre fan de baan skeaten en hy as lêste einige.

GP fan Eastenryk

Dit wykein wurdt der yn Eastenryk racet, op de thúsbasis fan Red Bull. In goed wykein is dus in eask foar De Vries.