Alden fan deasketten Andries (28) út Boelensloane wolle mear dúdlikheid

© Ben de Jager, RTV NOF
De âlden fan de deasketten Andries Booi (28) út Boelensloane sille der alles oan dwaan om mear helderheid te krijen oer de dea fan harren soan. Nei hast twa jier fan ûndersyk troch de Ryksresjerzje en it NFI is der noch hieltyd te min dúdlik wurden foar Luitzen en Ypie Booi.
Oan harren soan waard yn de nacht fan 15 op 16 septimber 2021 by Quatrebras in stopteken jûn, wêrnei't er fuortried foar de plysje. Dy sette dêrnei de efterfolging yn, dy't einige op de Fjouwer Roeden by Boelensloane, sa'n kilometer fan Andries syn hûs. Op dat stuit ried Andries sûnder rydbewiis, "dy wie ynnaam om't hy te hurd riden hie mei in oanhingwein efter de auto, mar dat wisten wy net", fertelt heit Luitzen.

'Andries is earst oanriden troch de plysje'

"Op de Fjouwer Roeden hat in plysjewein earst Andries oan de efterkant oanriden, hy kaam doe sa'n 40 meter fierderop ta stilstân", follet Luitzen oan, tiisdeitemiddei om de tafel by harren thús. De Ryksresjerzje koe har dat meidiele. "Oft hy dêrnei achterút op harren ynriden is, of net, dat witte wy noch hieltyd net."
De Ryksresjerzje konkludearre yn har ûndersyk wol, dat Andries efterútried yn de rjochting fan de plysjeminsken. Wêrnei't sy it fjoer iepenen, ien fan de 25 ôffjurre kûgels rekke Andries deadlik yn de nekke. Santjin kûgels rekken de auto, yn de portieren, it foar-, syd- en achterrút en ek de achterklep.
De betinkingslokaasje fan Andries Booi © Ben de Jager, RTV NOF
Ypie en Lútzen mochten nei in driuwend fersyk de bodycambylden fan de plysjes sjen en dat griep harren oan. "It wie bizar, 25 kûgels yn 5 sekonden, mar oft hy dêr efterút rydt of net, koene wy net wiis wurde út dy bylden."
Mei dêrom hawwe sy, doe't juster bekend waard dat it IM de trije sjittende plysjes net ferfolgje sil, in artikel 12 Sv.-proseduere opstart. "No wurdt alles op ús Andries ôfskoot en hy kin himsels net mear ferdigenje, dus dat is no oan ús."

"Dit freget om in ûnôfhinklike blik fan in rjochter"

"Wy wolle dúdlikheid hawwe, wat dêr no krekt bard is. Ik wol net as ik 80 bin, as ik dat helje mei, dat ik dan noch hieltyd mei ûnbeäntwurde fragen sit en dêr spyt fan ha", fertelt Luitzen. "Dit spûket je gewoan hiele dagen troch de holle. It is earnstich en kompleks, dêrom ropt dit ek op ta in ûnôfhinklike blik fan in rjochter."
De Fjouwer Roeden yn Boelensloane © Ben de Jager, RTV NOF
Ypie en Luitzen giene moandei nei it gerjochtshôf yn Zwolle om te hearren wat it IM besletten hie. De offisier fan justysje lei harren foar, oft sy earst útlis woene, of fuortendaliks it beslút. Sy woene fuortendaliks it beslút. "En we mochten ek fuortendaliks wol fragen stelle, mar dat wie troch de emoasje net ferstannich. Dêrom ha wy in ferfolchpetear, as wy dêr oan ta binne."

"Gerjochtichheid is driuwfear"

Nei hast twa jier binne der foar de âlden fierstente min oanknopingspunten, of ek mar eat fan helderheid. "Wy wolle echt de ûnderste stien boppe hawwe, want Andries hat gjin kâns hân", fertelle Ypie en Luitzen. "Wy wurde al hast twa jier libbe, gelokkich hawwe wy beiden wurk, mar at je de oprit opriden komme, dan ha je fuort de lêst wêr op 'e rêch te sitten."
"De Ryksrezjerzje út Rotterdam hat ús hiel goed meinaam yn harren trajekt, we hawwe ek útlis krigen en kinne dus noch mear ferdúdliking krije. Mar der libje ek noch sa'n soad fragen, de útkomsten sa't wy se no witte soargje eins foar noch mear fragen." De dossiers hawwe beide âlden ek noch net ynsjen mocht, ek dêrom bliuwt der in soad ûndúdlik. Dy dossiers sille sa gau as mooglik nei ús adfokaat stjoerd wurde, sadat wy dêr úteinliks oer prate kinne."
Fan de belutsen plysjes, of fan in korpssjef, hawwe de âlden nea wat heard. "Dat hoecht no ek net mear hear, mar fan meilibjen, of in distriktshaad dy't in berjocht stjoerde is nea sprake west." Nei it beslút fan it IM fan moandei, bliuwt it in tiid fan spanning, fragen en fertriet. "Wy libje by de dei en wachtsje it ferfolch ôf", beslute Ypie en Luitzen.
Wannear't it Hôf in beslút nimt en wannear't der dan in eventuele sitting plakhat, is noch net bekend.