Sikehûs Tjongerschans wint duorsumheidspriis: "We gooien per jaar 90.000 pillen minder weg"

© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Sikehûsapoteker Minke Jongsma fan Tjongerschans op It Hearrenfean hat in priis wûn mei har inisjatyf tsjin it fuortsmiten fan medisinen. Dêrtroch smyt it sikehûs per jier sa'n 40 persint minder medikaasje fuort.
It is in soad sikehûsmeiwurkers min nei it sin: de grutte protten medisinen dy't elk jier fuortsmiten wurde. Dat barde ek yn it sikehûs op It Hearrenfean, mar mei troch Jongsma is dêr no wat op fûn.

'Zo-nodigmedicatie'

It giet benammen om saneamde 'zo-nodigmedicatie'. Dat binne medisinen dy't yn it sikehûs sels makke wurde, spesifyk op namme fan in pasjint, dy't se kriget 'wanneer dat zo nodig is'. Tink bygelyks oan pynstillers dy't foarskreaun wurde troch in dokter. Foar in pasjint wurde dan bygelyks tsien pillen op namme klearlein. Wannear't dy net allegear brûkt wurde, wurdt wat oerbliuwt fuortsmiten.
It idee is, eins hiel ienfâldich, om dizze medikaasje no net mear op namme út te skriuwen, leit Jongsma út. "Wij dachten, als we die 'zo-nodigmedicatie' nou eens op de afdeling leggen, kan de verpleegkundige het zelf pakken uit de voorraad als het nodig is."
Mei in ienfâldige oplossing smyt sikehûs Tjongerschans jierliks 90.000 pillen minder fuort
Eins krekt as thús dus, ast in doaske paracetamol yn de kast lizzen hast. "Ja erg he?", laket Jongsma. "Dat vonden wij zelf ook wel heel erg eigenlijk. Iedereen is thuis aan de slag met recyclen, daarom vonden wij het enorm zonde dat we dat in het ziekenhuis eigenlijk niet deden."

90.000 pillen op jierbasis

Jongsma die it ûndersyk yn gearwurking mei stazjêr Jiro Grassi. Neffens him klinkt it allegear simpeler as it wie: "Je moet eerst helemaal in kaart brengen wat er overblijft aan medicijnen, wat er wordt weggegooid en waarom dat zo is. Pas dan kun je kijken wat je aan die verspilling kan doen. Je moet een gevoel onderbouwen met data. Dan lijkt de oplossing simpel, maar daar gaat een ingewikkeld proces aan vooraf."
Per jier betsjut it dat der yn Tjongerschans sa'n 90.000 pillen net langer fuortsmiten wurde. Dat smyt in besparring op fan sa'n 41.000 euro. "Je ziet dat je met een hele simpele oplossing heel veel kan bereiken", konkludearret Jongsma.