Marit Bouwmeester wol eigen sylakademy: "Dream om wat werom te dwaan foar de sport"

Marit Bouwmeester © Orange Pictures
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten wol in eigen akademy oprjochtsje om de sylsport tagonkliker te meitsjen fan jongerein. Nei de Olympyske Spelen fan 2024 wol se har folop op dit plan rjochtsje.
"It is myn dream om wat werom te dwaan foar de sport. It silen hat my safolle brocht", seit se.
It silen is in djoere sport. Mei de akademy besiket se dêr wat oan te dwaan. "Us heit en mem hawwe yn it ferline ek lieningen ôfslute moatten foar myn karriêre. Ik fyn it belangryk bern dochs de kâns te jaan om yn 'e kunde te kommen mei dizze moaie sport. Se hawwe dan gjin eigen boat nedich"
"Elkenien leart hjir swimmen en reedriden. Silen moat dêr ek by hearre", fynt se. "Je hawwe dêr letter in hiel soad oan, as je sile kinne."
Hoe't de akademy der krekt út komt te sjen en op hokker plak dy dan komt, is noch net bekend.