Provinsje freget 700 miljoen euro ekstra oan it Ryk foar oplossing stikstofproblematyk

De provinsje hat it bedrach dat se fan it Ryk freget om de plannen foar it lanlik gebiet út te fieren ferhege fan 4,5 miljard nei 5,2 miljard euro. De wichtichste reden dêrfoar is dat der noch in kear nei de organisaasjekosten sjoen is om alle plannen út te wurkjen.
Deputearre Douwe Hoogland lei yn it parsepetear fan Deputearre Steaten út dat it konseptplan oanpast is nei 181 kommintaren en fragen fan tsientallen organisaasjes en gemeenten. "We hawwe it plan útwreide. We hawwe mear útlein wat we bedoele en wat we ferwachtsje fan klimaatbehear."
Ek wurdt better útlein wat de sosjaal-ekonomyske konsekwinsjes binne. Hoogland sei dat de boeren noch hieltyd perspektyf krije. "We binne in lânbouprovinsje en wolle dat bliuwe."
It plan moat op 1 july nei it Ryk stjoerd wêze. Hoogland sei dat yn dy nijste ferzje ek konkretere maatregels opnaam binne as yn de konseptferzje fan begjin maaie. De Provinsjale Steaten krije dizze ferzje ek tastjoerd.
Pot is te lyts
Yn it saneamde Provinsjaal Programma Lanlik Gebiet moat elke provinsje de plannen foar natuer, lânbou en ûnder mear it stikstofprobleem presintearje. It Ryk hat dêr 24,3 miljard euro foar beskikber steld. Ut de al bekendmakke finansjele winsken fan de helte fan de provinsjes docht bliken dat it bedrach al net mear genôch is. Dat bestjut dat it Ryk jild bylizze moat of dat provinsjes net alle plannen útfiere kinne, om't se minder jild krije as frege.
Harkje nei deputearre Douwe Hoogland