Plysje freget om ynformaasje oer dea man (41) út Snits en skeakelet Mobyl Media Lab yn

De plysje is op syk nei minsken dy't wat fertelle kinne oer de 41-jierrige man dy't nei alle gedachten yn de nacht fan 4 op 5 maaie om it libben brocht is. Freed sil de plysje mei it Mobyl Media Lab Snits yn.
De man, fan Turkske ôfkomst, waard 9 maaie fûn yn syn wenning oan de Molenkrite yn Snits. De plysje hat genôch oanwizingen om te konkludearjen dat it giet om in misdriuw.

Mobyl Media Lab

Der is noch net folle bekend oer it slachtoffer en freget dêrom fia boppesteande fideo oft immen wat fertelle kin oer de Snitser. Spesifyk út de wiken foarôfgeand oan 4 maaie.
Dêrneist siket de plysje nei in man dy't om it ferstjerren fan it slachtoffer hinne filme is yn de omkriten fan de Molenkrite. Ek hy is yn byld yn de fideo. Dizze man hat mooglik wichtige ynformaasje foar it ûndersyk. Elkenien dy't him ken of werkent, kin him melde by de plysje.
Freed stiet it Mobyl Media Lab yn Snits. Yn dizze frachtwein kin elkenien ynformaasje diele oangeande dizze saak, dy't ek yn Opsporing Verzocht ferskynde.

Gjin kontakt

Op 9 maaie gie de plysje nei de wenning fan de man, omdat der melding dien wie dat der gjin kontakt mei him makke wurde koe. De plysje hat de man doe dea yn de wenning fûn.