Oer twa wiken kinst net mear sûnder reservearring op de boat nei It Amelân

© ANP
Wa't oer twa wiken mei de boat nei It Amelân wol, moat dêrfoar reservearje. Rederij Wagenborg fiert dit yn foar alle passazjiers, ynklusyf dy mei fytsen. No is reservearje al ferplicht foar de saneamde sneltsjinst en foar passazjiers dy't mei de auto oerfarre wolle.
"Hierdoor hopen we de toestroom beter te reguleren", seit in wurdfierder fan de rederij. In tal plakken op de feartsjinst wurdt reservearre foar bewenners fan it eilân en abonneminthâlders. Sûnt tiisdei fart de rederij mei in fersobere tsjinstregeling.
It beslút om minder faak oer te farren, is neffens de rederij nedich om't de fargeul sa smel wurden is dat twa fearboaten inoar net mear passearje kinne. It oanpassen fan de tsjinstregeling krige krityk fan it gemeentebestjoer en ûndernimmers op it eilân. Se binne bang dat it gefolgen hat foar it toerisme op it eilân.
Op de earste dei fan de fersobere tsjinstregeling seach de rederij noch gjin ekstra drokte op de boaten, neffens in wurdfierder.