De Ofslútdyk is kommend wykein wer efkes iepen foar fytsers en kuierders

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Foar efkes kin it wer: fytse en kuierje oer de Ofslútdyk. En dan ek nochris oer in tal stikken fytspaad bûtendyks. Der wurdt noch drok wurke oan it nije fytspaad en it is noch lang net klear, mar de echte leafhawwers kinne harren it kommend wykein útleve op de dyk fan 32 kilometer lang.
Ofslutdyk iepen foar fytsers en kuierders
De dyk wie foar fytsers en kuierders yn augustus 2019 foar it lêst tagonklik. Doe wie dat foar in pear wykeinen. No folget wer ien wykein. Fan moarns 8 oant jûns 18 oere is de dyk iepen.
It is in pittige logistike put foar Rykswettersteat. Lang net alles is klear en der binne behoarlik wat bouplakken. De feiligens fan de brûkers moat garandearre wêze. Der wurde dêrom in soad stekken pleatst sadat minsken net op plakken bedarje dêr't se net komme moatte.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It sil de lêste kear wêze dat de dyk iepene wurdt foar fytsers en kuierders wylst der noch oan de dyk wurke wurdt. Earst begjin 2024 wurdt ferwachte dat it measte wurk oan it fytspaad klear is. Dan kin der wer gebrûk fan makke wurde.
It fytsersbûn is dêr net tefreden oer. Kees Mourits fan it bûn soe graach wolle dat de dyk faker iepen giet foar fytsers. En dat der dan gjin auto's oerhinne kinne. De balâns is neffens him fuort.
Kees Mourits fan it fytsersbûn © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Hy sjocht it paad foar it earst yn it echt en is wol wakker entousiast. "Een heel mooi pad!" Op de fraach wêrom't sa'n lang ein dyk no eins moai is om te fytsen is syn antwurd: "Het is een icoon!"
Neffens him en ek Jaap Buitink, de ferkearssaakkundige fan it projekt, komme der wierskynlik tûzenen minsken ôf op it fytswykein. "Mensen willen natuurlijk als eerste over het nieuwe fietspad van de Afsluitdijk fietsen."
Jaap Buitink, ferkearssaakkundige fan it projekt © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Foar wa't der op de e-bikekomt: goed oplade. Der binne gjin laadpeallen, seit Jaap Buitink: "Nee die zijn er niet, dus dan maar proberen voor de wind over de dijk te gaan."