FrieslandCampina slacht hannen ynien mei Amerikaanske sûkeladeprodusint

It logo fan FrieslandCampina op it fabryk yn Ljouwert © ANP Foto
FrieslandCampina sil gearwurkje mei de Amerikaanske sûkeladeprodusint Mondelez International. Op dizze wize wol it suvelbedriuw de broeikasútstjit mei 14 prosint ferminderje.
De molke dy't FrieslandCampina leveret, wurdt brûkt foar sûkelade en koekjes. "We zijn een coöperatie die met tienduizend melkveehouderijen samenwerkt, die zich bezighouden met verduurzaming", seit Sanne Griffioen-Roose, Director Farm Sustainability, fan FrieslandCampina.

Jild nei boerehiem

"Omdat Mondelez deze duurzame producten van ons koopt, kunnen zij dit weer gebruiken voor hun doelstellingen. Daar krijgen wij een extra bedrag voor." Dy beleanning giet dêrnei nei it boerehiem, fertelt Griffioen-Roose. "Daarmee kunnen de boeren weer hun uitstoot verminderen."
As foarbylden neamt se oar soart fretten keapje foar de kij, en nije ynnovaasjes ymplemintearje yn it bedriuw. "Er zijn veel mogelijkheden, en wij helpen daar graag bij."

Klimaatakkoart fan Parys

Neffens berekkeningen soe dit resultearje moatte yn in broeikasreduksje fan 14 prosint. "Zo willen we, samen met andere partners, de uitstoot stap voor stap naar beneden halen, in lijn met het Klimaatakkoord van Parijs."