Johnny Jansen keart nei koart aventoer yn Beiroet werom as trainer fan PEC Zwolle

Johnny Jansen yn syn tiid as haadtrainer by sc Hearrenfean © Orange Pictures
Johnny Jansen komt werom út Beiroet en wurdt de nije trainer fan PEC Zwolle. Dat hat de klup tiisdeitemiddei bekendmakke. Haadtrainer Dick Schreuder ferliet dy klup tiisdei ynienen, achter de skermen waard lykwols al sjoen nei ferfanging.
Jansen wie fan 2019 oant en mei 2022 haadtrainer fan sc Hearrenfean. Yn april fan dit jier makke er de stap nei Libanon, om trainer te wurden fan Al Safa SC yn Beiroet.
Ronnie Pander giet mei Jansen mei as assistint. De 46-jierrige Pander naam ferline jier nei 22 jier ôfskied by sc Hearrenfean.